Watze Tjebbe Beetstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Watze Tjebbe Beetstra (Rotterdam, 24 novimber 1916 - Grou, 14 augustus 2007) wie in Warkumer apteker mei in grutte belangstelling en fertsjinsten op it mêd fan histoarje en nammekunde. Leafst die er dat yn syn memmetaal, it Frysk.

De famylje neamde him yn de rou-advertinsje 'in sneuper yn ieren en sinen', hy wie dan ek tige sekuer. Nei syn pensjoen wenne Beetstra yn Ljouwert. Hy socht in soad út oer de histoarje fan Warkum. Ek wie hy ien fan de inisjatyfnimmers fan de no ta âldheidskeamer promovearre feriening "Museum Warkums Erfskip" (1951). Yn rjochte hy mei oaren de pleatslike VVV op en wie yn 1956 ien fan de oprjochters fan de Stifting Sudergoa. Hy makke ek in ynventarisaasje fan alle streekblêden dy't der yn Fryslân ferskynd binne.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 'Toponimen en toponymyske eleminten yn Fryslân' - Fryske Akademy (1987)
  • Artikels yn It Beaken (FA), bg. oer de ielhandel op Ingelân yn Warkum
  • artikels yn de Friso, de Warkumer krante

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]