Washington National Cathedral

Ut Wikipedy
Washington National Cathedral
Lokaasje
koördinaten 38° 55' N 77° 4' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Episkopaalske Tsjerke
patroanhillige Sint-Piter, Paulus
Arsjitektuer
arsjitekt George Frederick Bodley

Philip Hubert Frohman

boujier 1907-1990
boustyl neogotyk
Webside
Episkopale bisdom Washington
Side katedraal
Kaart
Washington National Cathedral (Washington, D.C., Cleveland Park oant Southwest Waterfront)
Washington National Cathedral

De Washington National Cathedral (formeel: Cathedral Church of Saint Peter and Saint Paul) is de oan 'e apostels Petrus en Paulus wijde katedraal fan it Episkopaalske bisdom Washingon. De katedraal stiet oan 'e krusing fan de Massachusetts Avenue en de Wisconsin Avenue yn it noardwestlik diel fan 'e stêd. De neogoatyske katedraal is de op fiif nei grutste katedraal fan 'e wrâld en de op ien nei grutste fan 'e Feriene Steaten.

Yn 'e katedraal wurde ek grutte religieuze tsjinsten holden, dy't it belang fan 'e katedraal as in nasjonaal monumint ûnderstreekje. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden dêr bygelyks alle moannen tsjinsten holden foar in feriene folk yn in tiid fan need. De preekstoel fan 'e Washington National Cathedral wie de lêste dêr't Martin Luther King op preke ear't er yn 1968 fermoarde waard. Ek binne dêr steatsbegraffenissen holden foar de presidenten Dwight D. Eisenhower (1969), Ronald Reagan (2004) en Gerald Ford (2007).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alterromte.

De bou sette yn 1907 yn bywêzigens fan president Theodore Roosevelt útein mei it lizzen fan de earste stien en soe 83 jier duorje. De lêste krúsblom waard yn 1990 yn bywêzigens fan George H.W. Bush tafoege.

Op 26 augustus 2011 rekke de tsjerke wat skansearre by in ierdskodding mei in krêft fan 5,8.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 29 septimber 1990 waard de katedraal nei 83 jier wurk foltôge. It gebou is in ferskaat fan ferskillende goatyske ynfloeden út de midsiuwen mei spitsbôgen, steunbearen, ferwulften, glês-yn-leadramen en trije tuorren, twa oan wjerssiden fan 'e foargevel en in toer op de krusing. It westwurk docht tinken oan de katedraal fan Bristol. Boppe it middenportaal is Ex Nihilo oanbrocht, in keunstwurk fan Frederick Hart dat manlju en froulju foarstelt dy't út in kolkjende eftergrûn komme.

It smelle en lange skip is acht traveeën lang en hat brede sydskippen, it koer is fiif traveeën lang en dêrtusken leit in dwersskip fan seis traveeën. It heechalter is fersierd mei 110 houten bylden om in sintraal byld fan Kristus hinne.

De krusing wurdt mei de 91 m hege Exelsis Tower bekroand. De toer hat in karriljon en 10 gewoane klokken.

De katedraal hat bûten mear as 200 wetterspijers. Ien dêrfan is Darth Father út Star Wars.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadoargel waard yn 1983 troch Ernest M. Skinner Organ Company boud. It ynstrumint hat 157 registers op fjouwer manualen en pedaal.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Washington National Cathedral