Warstein
Warstein | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Lânkreis | Soest | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 24.325 (31.12.2021) | |
Oerflak | 158,05 km² | |
Befolkingsticht. | 154 ynw./km² | |
Hichte | 310 m | |
Kaart | ||
Warstein is in stêd en gemeente yn de Kreis Soest yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Sûnt 31 desimber 2021 hat Warstein 24.325 ynwenners. Warstein is benammen ferneamd om syn bierbrouwerij.
Plakken yn de gemeente Warstein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Warstein bestiet njonken Warstein út de neikommende plakken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak dêr't it hjoeddeiske Warstein leit, wennen yn 'e prehistoarje al minsken.
Yn 'e 14e iuw ûntstie it hjoeddeistige stedsje om lytse izerertsminen hinne en de op 'e stêdsberch lizzende tsjerke (de hjoeddeiske Alde Tsjerke). Wat westlik lei earder al in delsetting, dy't earst Warstein, letter Altenwarstein hiet. It stedsje hie oant de midden fan de 19e iuw in bytsje bloei troch de izerertswinning en troch de mooglikheid om it izer fuortendaliks te smeien ta alderhande produkten. Der binne in protte beken, dêr't troch wetterkrêft oandreaune mûnen bestean koene, en der is genôch bosk, dus brânhout foar de smidse. Ek waard it hout nei oare plakken útfierd. Sa koe Warstein sels in moai skoft lid wêze fan 'e Hânze.
Yn 1753 waard yn it sintrum fan Warstein in bierbrouwerij oprjochte. It haadkantoor sit hjoed-de-dei noch altyd yn it sintrum fan Warstein, mar de brouwerij sels stiet in lyts eintsje bûten de stêd.
Yn 1802 waard de âlde stêd teheistere troch in grutte stedsbrân. In pear hûndert meter fierderop ûntstie yn de rin fan de 19e iuw in nij stedshert om de nije katolike St. Pankratius tsjerke. Om 1850 hinne ferpleatste de metaalyndustry him nei it Ruhrgebiet. In pear lytse spesjalisearre metaalbedriuwen bleaune al bestean.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Warstein rint de rykswei 55. De 55 rint fan noard nei east en ferbynt de stêd yn it noarden mei Belecke en de A44 en yn it suden mei de A46 en Meschede. Sûnt 1975 is der gjin treinferkear mear foar persoanenferfier; it spoar troch Warstein wurdt inkeld noch brûkt foar it frachtferfier. De RLG fesoarget it busferfier yn de stêd en ferbynt Warstein mei Soest, Lippstadt en Meschede.
Bysûnderheden fan de stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bierbrouwerij Warsteiner is ien fan de grutste brouwerijen yn Dútslân; de brouwerij waard yn 1753 oprjochte. It besikerssintrum is fjouwer dagen yn 'e wike iepen.
Haus Kupferhammer is in 18e-iuwsk kastieleftige filla, yn de filla is hjoed-de-dei it stêdsmuseum festige en is yn it wykein iepen foar besikers.
De Alde Tsjerke op de stedsberch, wijd oan de hillige Pancratius, datearret út 1237 en is om 1700 hinne foarsjoen fan in nij ynterieur yn barokstyl.
De katolike St. Pankratius tsjerke mei kariljon oan de Markt yn Warstein is boud yn 1853 nei de grutte stêdsbrân fan 1802.
Yn 'e buert fan de âlde tsjerke is de Bullerteich ien fan de wetterboarnen fan it Sauerlân.
Fiif km eastlik fan Warstein, tusken Warstein en Hirschberg yn, leit de dripstiengrot Bilsteinhöhle. Om dizze höhle hinne is in wyldpark ûntstien.
Alle jierren wurdt der op it terrein fan de bierbrouwerij in grut ynternasjonaal ballonfeest organisearre ûnder de namme Montgolfiade.
Op it terrein fan it psychiatrysk sikehûs stiet in yn 1985 boude kapel as monumint ta neitins oan de bewenners fan it sikehûs dy't de Twadde Wrâldkriich net oerlibbe ha.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De âlde tsjerke op 'e stêdsberch
-
Neogoatyske stedstsjerke St. Pankratius
-
Wetterboarne Der Bullerteich
-
Besikersintrum Warsteiner bierbrouwerij
-
Ballonfeest Warsteiner Internationale Montgolfiade
-
Kriichsmonumint op it terrein fan it psychiatrysk sikehûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|