Wapen fan Wiuwert
Appearance
It wapen fan Wiuwert is it wapen fan it doarp Wiuwert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Weagjend trochsnien: a. blau; b. yn goud trije swarte flearmûzen, pleatst 2:1; in sulveren hertskyld, belein mei in beam op in gersgrûn, alles fan grien; it hertskyld yn it blau oan wjerskanten beselskippe fan sulveren rút.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sabel (swart), sulver en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Weagjende ferdieling: ferwiist nei de lokaasje fan it doarp oan de eardere Middelsee.
- Ruten en de kleur blau: oernommen fan it wapen fan de famylje Fan Walta, dat de Tetingastate bewenne by it doarp.
- Flearmûzen: stie foar de grêfkelder fan de Nikolaastsjerke fan Wiuwert, wêr't yn 1765 sân mummies fûn binne.
- Hertskyld: it wapen fan Anna Maria fan Schurman dy as labadiste op de Tetingastate fan Cornelis van Aerssen van Sommelsdijck ferbleaun.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Baarderadiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eardtiidsk part fan wie.