Wapen fan Noardburgum
Appearance
It wapen fan Noardburgum is it wapen fan it doarp Noardburgum, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Op keperswize trochsnien: 1. yn read in rinnende liuw, derby rjochtsûnder in ekkel en loftsûnder in klaverblêd, alles fan goud; 2. yn grien twa weagjende banen fan sulver.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, sinopel (grien) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Read fjild: stiet foar de heide dy't eartiidsk yn de omkriten fan it doarp oanwêzich wie.
- Rinnende liuw: oernommen út it wapen fan Fryslân. In diel fan de heide stie bekend as de Staeteheide.
- Ikel en klaverblêden: oernommen út it wapen fan de famylje Ypey. Nicolaas Ypey wie belutsen by de feantsjerij fan de omkriten fan it doarp. Ek is de ikel in symboal foar de goeie boaiumkondysje.
- Grien fjild: ferwiist nei de kultuergrûn dy de heide ferdreaun hat.