Wapen fan Jonkerslân
Appearance
It wapen fan Jonkerslân is it wapen fan it doarp Jonkerslân, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1990 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Pealle yn trijen, I fan kiel, yn it skyldhaad belein mei in leelje fan goud; II skake fan sulver en sabel fan 12 rijen fan twa flakken, III fan sinopel mei yn de skyldfoet in ikeblêd fan goud.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, sulver, sabel (swart) en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Read fjild: ferwiist nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp. Ek komt de kleur foar yn it wapen fan de famylje Fan Dekema, dat belutsen wie by de feanterij by it doarp.
- Goude leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Dekema.
- Skake fjild: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.
- Grien fjild: symboal foar de greiden yn de omkriten fan it doarp.
- Gouden ikeblêd: ferwiist nei de ikebeammen dy yn by it doarp foarkomme.
-
It wapen fan de famylje Fan Dekema.