Springe nei ynhâld

Wapen fan Hallum

Ut Wikipedy
Wapen fan Hallum

It wapen fan Hallum is it wapen fan it doarp Hallum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1995 registrearre.

It wapen is basearre op in flagge dy't al yn gebrûk wie. Dy flagge waard ûntwurpen troch keunstner Ids Willemsma.

De blazoenearring fan it wapen is:

Fan sabel, beladen mei in reinbôge fan goud, kiel, sinopel en sulver, mei twa seispuntige stjerren yn it goud boppe en mei in boarch yn it goud ûnder, iepene en ferljochte fan it fjild.

De heraldyske kleuren binne: sabel (swart), goud, kiel (read), sinopel (grien) en sulver.

  • Swart fjild: stiet symboal foar de nacht.
  • Reinbôge: de kleuren fan de reinbôge stiet foar de dei. Dêrneist ferwize de kleuren nei de wrâld. De produkten út Hallum geane de hiele wrâld oer.
  • Seispuntige stjer: oernommen út it wapen fan Ferwerderadiel. It tal twa ferwiist nei de twa kleasters dy't om it doarp hinne stien ha: Mariëngaarde en Bethlehem.
  • Boarch: ferwiist nei de ferskate staten dy't om it doarp hinne stien ha.