Springe nei ynhâld

Flagge fan Hallum

Ut Wikipedy
Flagge fan Hallum

De flagge fan Hallum is de flagge fan it doarp Hallum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1995 registrearre.

It is in ûntwerp fan de pleatslike keunstner Ids Willemsma.

De beskriuwing fan de flagge is:

In swarte broeking mei in lingte lyk oan 1/3 flaggelingte, de flecht besteande út sân like hege lingtebanen yn de reinbôgekleuren read, oranje, giel, grien, blau, indigo en fiolet.

De kleuren komme út it wapen fan Hallum.

  • Kleuren: stie foar de "alles omfiemjend". De kleuren stiene ek foar de wrâld, de produkten dy't makke wurde yn Hallum giene de hiele wrâld oer.
  • Sân banen: ferwizing nei de sân stjerren fan it wapen fan Ferwerderadiel.