Springe nei ynhâld

Wapen fan Goutum

Ut Wikipedy
Wapen fan Goutum

It wapen fan Goutum is it wapen fan it doarp Goutum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1994 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn kiel trije drinkkannen fan sulver, pleatse 2 en 1, en in frijkertier fan azuer, belein mei in swan fan sulver, mei om de hals in kroan fan goud.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, azuer (blau) en goud.

  • Trije drinkkannen: ferwize nei de trije staten dy't yn it doarp stiene. Neffens de oerlevering wisten de eigeners fan dy staten wol fan 'ynnimmen, mei't de Burmaniastate, Wiardastate en Eminga State waarden yn dy folchoarder ek wol Putsma, Schenkinsma en Drinkuitsma State neamd. Sa komme se sels foar op lânkaarten. Sels Eekhoff fermeldt op syn kaart út 1847 noch de nammen Putsma en Drinkuitsma yn stee fan Burmania en Eminga. [1]
  • Frijkertier mei swan: oernommen út it wapen fan de famylje Wiarda, bewenners fan de Wiardastate.
  • Keurstelling: oernommen út it wapen fan Eastergoa.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: