Wapen fan Earnewâld
Appearance
It wapen fan Earnewâld is it wapen fan it doarp Earnewâld, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1984 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Earnewâld is ien fan de Fryske doarpen wêr fan in âld wapen oerlevere is. It wapen is ûnder mear ôfbylde op de preekstoel út 1699 yn de Agnestsjerke fan Earnewâld. It wapen lit in dûbbelskoppige earn sjen. De Fryske earn komt is soad foar yn de Fryske heraldyk. In oar ferbân wurdt lein mei de fûgel earn, dy't mooglik eartiidsk yn it gebiet om Earnewâld nêste hat.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn sulver in dûbelde earn fan swart.
De heraldyske kleuren binne: sulver en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dûbbelkoppige earn: ferwiist nei de plaknamme Earnewâld, besteande út twa dielen: de persoansnamme Erend of Arend en wâld.