Wapen fan De Trieme
Appearance
It wapen fan De Trieme is it wapen fan it doarp De Trieme, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Fan goud, beladen mei in griene beam op in gêsgrûn fan itselde, mei in blau kantiele skyldkop, beladen mei twa sulveren leeljes.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), azuer (blau) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
- Skyldkop: de kantealen stie foar de stins dy bewenne waard troch de famylje Buma. Ut it wapen fan dizze famylje binne de blauwe kleur en de leelje oernommen.
- Beam: ferwiist nei ikelbeam dy in soad foarkomt yn de omkriten fan it doarp.