Springe nei ynhâld

Walibi Holland

Ut Wikipedy
Walibi Holland
  ferdivedaasjepark
Tagong Walibi Holland
Tagong Walibi Holland
logo
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Flevolân
Gemeente Dronten
plak Biddinghuizen
adresSpijkweg
koördinaten52° 26' NB, 5° 45' EL
bysûnderheden
typeAttraksjejepark
eignerCompagnie des Alpes
iepen1994
oerflak40 ha
(+ 20 ha Walibi Village, + 80 ha Eveneminteterrein)
attraksjes35
achtbanen8
wetterattr.3
wurknimmers100 fêste meiwurkers
skiednis
hist. nammeWalibi Flevo: 1994-1999,
Six Flags Holland: 2000-2004,
Walibi World: 2005-2011
iepening7 maaie 1994
fuortk. útFlevohof
gebou
boujier1994
offisjele webside
Webstee Walibi Holland
kaart
Walibi Holland (Flevolân)
Walibi Holland
Lokaasje Walibi Holland

Walibi Holland is in attraksjepark, lizzend yn Biddinghuizen (gemeente Dronten) yn de Nederlânske provinsje Flevolân. Foarhinne hjitte dit park "Walibi World", dêrfoar "Six Flags Holland", dêrfoar "Walibi Flevo", wylst it park starte as "Flevohof".

Under de namme de "Flevohof" is it park begûn as buorkerijpark dêr't stedslju yn 'e kunde komme koene mei de lânbou. Oarspronklik soe it park yn Lelystêd fêstige wurde. Doe't de "Flevohof" yn 1991 fallyt gie, waard it terrein oernaam troch de "Walibi Group" en bouden it terrein nei it seizoen 1992 om ta "Walibi Flevo" dat yn 1994 iepen gie. Dizze groep waard yn 1998 oernaam troch "Premier Parks" en it park feroare yn 2000 yn "Six Flags Holland". Fan seizoen 2005 oant en mei seizoen 2011 wie it park bekend ûnder de namme "Walibi World". Sûnt seizoen 2012 hjit it park "Walibi Holland". De measte attraksjes, wêrûnder in protte achtbanen en oare "thrill rides", binne boud yn de "Walibi Flevo"- en "Six Flags"-perioade.

Op it njonkenlizzende eveneminteterrein, oarspronklik ûntwikkele troch Skouting Nederlân foar de Europeeske Jamboree fan 1994, en de Wrâldjamboree fan 1995. Organisearre hja ek de Nasjonale Jamboree fan 2000, en ek de "Scout-Ins" fan 1990, 1992, 1995 en 1997 (in twajierliks wykeinvenemint foar frijwilligers fan Skouting Nederlân.). Ek waarden der alle jierren de "Scouting Fundays" organisearre. Yn 2015 waarden dizze hâlden yn Duinrell. Fierder is it sûnt 1993 de lokaasje fan it muzykfestival "Lowlands". sûnt 1996 fan de "kristlike konferinsje Opwekking", en sûnt 2003 hat it dancefestival "Defqon.1" hjir plak, yn 2007 waard it metalfestival "Fields of Rock" hjir organisearre.

Sûnt 2022 wurd it terrein ek regelmatig ynset om winterdeis Asylsikers op te fangen. Dêrfoar wurd dan troch it Sintraal Orgaan opfang asylsikers mei needgebouwen in asylsikersintrum boud, dat yn de maaitiid wer fuorthelle wurd.

Ferneamde Attraksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Iepene Opm.
Goliath 2002 Langste achtbaan fan de Benelúks.
G-force 1998 Hat syn namme te tankjen oan de hoemannichte G-krêften.
Space Shot 1998 Sjit 57,5 m omheech op in 60 m hege toer.
Speed of Sound 2000
Condor 1993
El Rio Grande 1994
Blast 2000 De atraksje hjitte oant 2018 Excalibur
Untamed 2019 De houten ûndersteuningen fan de eardere houtene achtbaan op dy lokaasje de "Robin Hood" binne op 'e nij brûkt.
Crazy River 1994 Ien fan de Nederlânske beamstamattraksjes dy 't sawol foarút as efterút giet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Ferdivedaasjeparken yn Nederlân
    Fryslân
    Duinen Zathe · Kameleondoarp · Sânjes Safary · Sybrandy's Boarterspark
    Nederlân
    Attractiepark Slagharen · Avonturenpark Hellendoorn · Bommelwereld · BillyBird Park Drakenrijk · BillyBird Park Hemelrijk · Drouwenerzand · Drievliet · Dinoland · DippieDoe · De Waarbeek · Duinrell · Efteling · Het Land van Jan Klaassen · Julianatoren · Kabouterland · Kinderstad Heerlen · Linnaeushof · Madurodam · Mini Mundi · Neeltje Jans · Nienoard · Oud Valkeveen · Park Tivoli · Plopsa Indoor · Rijk der kabouters · Speelland · Speelpark Hoge Boekel · Sprookjeshof · Sprookjesbos Valkenburg · Sprookjeswonderland · Toverland · Walibi Holland · Wonderwereld
    Eardere ferdivedaasjeparken
    Aeolus · Archeon · Ecodrome · De Valkenier · De Vluchtheuvel · Flevohof · Het Land van Ooit · Miniatuerpark Appelskea · Miniatuur Walcheren · Speelstad Oranje · Verkeerspark Assen · Yumble
    · · Berjocht bewurkje