Duinrell
| Duinrell | ||
| Rick de Kikker | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Duinrell | |
| koördinaten | 52° 8' N, 4° 22' E | |
| Slogan | Duinrell, Daar kikker je van op! | |
| bysûnderheden | ||
| type | Attraksjepark, Fakânsjepark, Swimbad | |
| eigner | famylje van Zuylen van Nijevelt | |
| iepen | 1935 | |
| oerflak | 110 ha | |
| attraksjes | 41 | |
| achtbanen | 3 | |
| wetterattr. | 4 | |
| offisjele webside | ||
| duinrell.nl | ||
| kaart | ||
Duinrell is in fakânsjepark yn Wassenaar, yn de provinsje Súd-Hollân dat oprjochte is yn 1935. Der lizze in bungalowpark en in camping, mar Duinrell is dochs foaral bekend om har attraksjepark mei it byhearrende swimbad it Tikibad.
Duinrell hat in kikkert as maskotte en har reklamekreet is "Duinrell, dêr kikkertst fan op". De maskotte hjit Rick de Kikkert en komt geregeld werom yn de reklames fan it park.
Attraksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoeddeiske attraksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Namme | Iepene | Opm. | |
|---|---|---|---|
| Aqua Shute | 1990 | Hjirby rûtst in boatsje fan in helling ôf. Underoan stiet op in boerd de snelheid te lêzen. | |
| Aqua Swing | 1989 | In sweefmole. Op de grûn steane inkele fonteinen. | |
| Botsboatsjes | 1983 | Giele, reade, griene en blauwe boatsjes. In soarte fariaasje op de bekende botsauto's. | |
| Dragonfly | 2012 | Stielen achtbaan | |
| Karrûssel | 1984 | In karrûssel út de 19e iuw. | |
| Kikkerrad | 1992 | reuzerêd | |
| Kears | 2004 | Troch in tou kinne besikers harsels op-en-del gean litte | |
| Falcon | 2009 | In stielen achtbaan | |
| Locomotion | 2000 | In rûnrit yn de styl fan it Wylde Westen. | |
| Mad Mill | 2001 | Dit is in "frisbee". | |
| Monorail | 1986 | In monorail, wêrby't sels trape wurde moat. | |
| Katapults | 1999 | oant 2022 moast der bybetelle wurde foar dizze attraksje. | |
| Rodelbaan | 1984 | In rodelbaan, | |
| Schip Ahoi | 2004 | In skommelskip | |
| Splash | 1992 | wetterattraksje dy't yn in iepen en yn in sletten boat mooglik is. | |
| Tobbedanser | 2024 | Teekopkes attraksje | |
| Waterspin | 1996 | Topspin | |
| Duinrell Express | 2025 | De Duinrell Express ferfangt yn 2025 de Minitrein, de ferneamde atraksje út 1977, tema is itselde bleaun. | |
| Kikker8chtbaan | 2026 | De Kikker8chtbaan ferfangt yn 2026 de Kikkerachtbaan, de ferneamde achtbaan út 1985 | |
Ferdwûne attraksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Namme | Iepene | Ofbrútsen | Opm. | |
|---|---|---|---|---|
| Bumperfrogs | 1990 | 2019 | Dit wiene botsauto's. | |
| Minitrein | 1977 | 2025 | In treinritsje troch in "trollegrot". Ferfongen troch de Duinrell express. | |
| Kikkerachtbaan | 1985 | 2025 | ||
Rick's Delight
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Duinrell hie plannen om yn 2007 in nije achtbaan fan de Dútske firma Gerstlauer te iepenjen, mar krige gjin fergunning fan de gemeente. De fergunningsoanfraach foar de Rick's Delight is op 7 maaie 2008 troch de Ried fan Steat ôfwiisd fanwege fouten by ferskate mjittings yn it ûntwerp. Op 7 jannewaris 2009 is it bestimmingsplan dochs goedkard, wat betsjut dat der begûn wurde kin mei de bou fan de achtbaan, wêrnei't de bou útein sette. Op 14 maaie 2009 is de achtbaan iepen gien ûnder de namme: Falcon.
Batflyer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Batflyer wie in hingjende achtbaan (Single Suspended Coaster) mei ien inkele rail en 850 meter lang. De Batflyer wie oplevere yn 1997, mar is yn 2002 sloopt, wylst er nea iepen west hat. De karkes (yn de foarm fan in flearmûs) gienen op sommige punten te hurd, en by de bocht foar it stasjon te stadich, sadat de karkes nea it stasjon berikten. De attraksje waard meardere kearen oanpast, mar koe net foldwaan oan de feilichheidseasken, en is sloopt yn 2002, mei in úteinlike skeapost fan 2 miljoen gûne. De firma fan de achtbaan, Caripro, gie by de bou fallyt.
Der binne wurkjende modellen fan it type Batflyer, mar mei dy yn Duinrell gie it mis, omdat dizze oars wie (mooglik om sa min mooglik beammen kappe te hoegen).
Fan de Batflyer is allinnich noch it stasjon oer, wêryn't no in stasjontsje sit foar in trein en der siet in souvenirwinkel. Yn it stasjon is noch in komplete regelynstallaasje te sjen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan begjin 2009 ôf wurdt de hiele catering yn Duinrell, fersoarge troch La Place. Alle ytgelegenheden yn it park geane fia La Place.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Ferdivedaasjeparken yn Nederlân |
|---|
| Fryslân Duinen Zathe · Kameleondoarp · Sânjes Safary · Sybrandy's Boarterspark |
| Nederlân Attractiepark Slagharen · Avonturenpark Hellendoorn · Bommelwereld · BillyBird Park Drakenrijk · BillyBird Park Hemelrijk · Drouwenerzand · Drievliet · Dinoland · DippieDoe · De Waarbeek · Duinrell · Efteling · Het Land van Jan Klaassen · Julianatoren · Kabouterland · Kinderstad Heerlen · Linnaeushof · Madurodam · Mini Mundi · Neeltje Jans · Nienoard · Oud Valkeveen · Park Tivoli · Plopsa Indoor · Rijk der kabouters · Speelland · Speelpark Hoge Boekel · Sprookjeshof · Sprookjesbos Valkenburg · Sprookjeswonderland · Toverland · Walibi Holland · Wonderwereld |
| Eardere ferdivedaasjeparken Aeolus · Archeon · Ecodrome · De Valkenier · De Vluchtheuvel · Flevohof · Het Land van Ooit · Miniatuerpark Appelskea · Miniatuur Walcheren · Speelstad Oranje · Verkeerspark Assen · Yumble |