W.G. van de Hulst sr.

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Willem Gerrit van de Hulst (1930)

Willem Gerrit van de Hulst (Utert, 28 oktober 1879 - Utert, 31 augustus 1963) wie in Nederlânsk skriuwer fan berneboeken, skoalboeken en bernebibels. Boppedat wie er meiwurker fan it blêd "De Spiegel" en "Moeder".

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

W.G. van de Hulst sr. folge in oplieding ta ûnderwizer en waard yn 1913 skoalhaad. Ynearsten skreau er foar de Nederlandsche Zondagsschoolvereeniging. Syn earste boek Willem Wijcherts skreau er ûnder de skûlnamme Jan van de Croese. Mei Jaap Holm en z'n vrinden festige er syn namme as skriuwer fan jeugdboeken mei in kristlike ynslach. Van de Hulst beskôge Peerke en z'n kameraden as syn bêste boek.

De boeken fan Van de Hulst binne ûnder oaren yllustrearre troch syn soan W.G. van de Hulst jr. It earste boekje dat troch junior yllustrearre waard wie Een muis in dit huis (1933).

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy troude op 16 maaie 1907 mei Johanna Cornelia van Arkel. Sy krigen twa dochters. De tsjerklike befêstiging fan it houlik wie yn de Dom fan Utert troch dûmny A.W. Bronsveld. pear Van de Hulst sette him nei wenjen op it adres Croesestraat 17. Dy strjitnamme brûkte er foar yn sy pseudonym.

Johanna Cornelia stoar in skoftke nei de berte fan harren twadde dochter (28 jannewaris 1913). Op 10 febrewaris 1916 boaske Van der Hulst fannijs mei Jeanette Maan. Ut dat houlik waarden fjouwer bern berne, trije soannen en in dochter. De âldste soan, dy't ek Willem Gerrit hjitte, soe syn hiele libben W.G. van de Hulst jr. neamd wurde. Soan Henk waard in bekend astronoom.

Van de Hulst stoar op 31 augustus 1963 en waard beïerdige op Begraafplak Soestbergen yn Utert.

W.G. van de Hulstfestival[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2002 wurdt yn Hasselt (Oerisel) alle twa jierren it 'W.G. van de Hulstfestival' holden yn de lêste dagen fan it jier. Hoewol't de berneliteratuer dêr sintraal stiet, is der ek muzyk, teäter en it ferbyldzjen fan de jierren fyftich. Hichtepunt is de Aldjierslêzing.[1]

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekstplaat W.G. van de Hulstskoalle oan de Jutfasewei yn Utert
  • Willem Wijcherts (1907)
  • Ouwe Bram (1909)
  • Van een Klein Meisje en een Groote Klok (1909)
  • Jaap Holm en z'n vrinden (1910)
  • Zonnige Paschen (1910)
  • Om twee schitteroogjes (1911)
  • Het verhaal van den kurassier (1912)
  • Niek van den bovenmeester (1912)
  • Uit Het Winter Wonderland (1912)
  • Van Hollandsche jongens in den Franschen tijd (1913)
  • Beppie en Joop (1917)
  • Grootmoedertje (1917)
  • Het Gat in de Heg (1917)
  • Jet, die de oudste was (1917)
  • Maarten Luther (1917)
  • Zoo'n vreemde jongen (1917)
  • De Bijbelsche Geschiedenissen (1918)
  • De wondere plant (1918)
  • Thijs en Thor (1918)
  • In de zon (1919)
  • Peerke en z'n kameraden (1919)
  • Fik (1920)
  • Van Bob en Bep en Brammetje (1921)
  • Bijbelsche Geschiedenis (1921)
  • Stille dingen (1921)
  • „Allemaal katjes!”(1922)
  • Drie vertellingen (1922)
  • Een held (1922)
  • Er op of er onder! (1922)
  • Toen en nu (1-3) (1922-1924)
  • Van den boozen koster! (1923)
  • Het huisje in de sneeuw (1924)
  • In 't Kraaiennest (1924)
  • Van drie domme zusjes (1925)
  • Wout de scheepsjongen (1925)
  • Bijbelsche Vertellingen voor onze kleintjes (1926)
  • Bruun, de beer (1927)
  • Gerdientje (1927)
  • „Zoo'n griezelig beest!”(1928)
  • De Roode Vlek (1928)
  • „Als je goed luistert!” (1929)
  • Het wegje in het koren (1929)
  • Bello (1930)
  • De gescheurde bijbel (1930)
  • Een leugen? (1930)
  • Groote Bertus en kleine Bertus (1930)
  • De wilde jagers (1931)
  • Ergens in de wijde wereld (1931)
  • Kijken en luisteren (1931 en 1932)
  • Anneke en de sik (1932)
  • Hans in 't bosch (1932)
  • Een muis - in dit huis? (1933)
  • Prins Willem, Vader des Vaderlands (1933)
  • Rozemarijntje (1933)
  • Liefde en trouw. Gedenkboekje ter herinnering aan onze Koningin-Moeder. (1934)
  • Het plekje dat niemand wist (1935)
  • Achter de bloempotjes (1936)
  • De gedroogde appeltjes (1936)
  • Het karretje (1936)
  • In de Soete Suikerbol (1-7) (1936-1948)
  • De grote schat (1937)
  • Het Boek dat nooit oud wordt (1937)
  • Jantje van de Scholtenhoeve (1937)
  • Om het kind (1937)
  • De machtige meester (1938)
  • Den Vaderlandt Ghetrouwe. Ter herinnering aan het veertigjarig regeringsjubileum van onze Koningin. (1938)
  • Nog beter dan brood (1938)
  • Kareltje (1941)
  • Het kerstfeest van twee domme kindertjes (1941)
  • Aan moeders schoot (1942)
  • Herinneringen van een Schoolmeester (1943)
  • Moeder leest voor (1943)
  • Het Vertellen (1944)
  • Het zwarte poesje (1945)
  • Klaas (1945)
  • Zeven kerstvertellingen (1946)
  • Het grote voorleesboek (1947)
  • De pruikenmaker en de prins (1947)
  • Die domme Dora (1947)
  • In de Goude Gaper (1947)
  • Oom Jannus met de pet (1947)
  • Het klompje dat op 't water dreef (1948)
  • De boom groeide. Twee honderd jaar Ned. Herv. Gem. Scholen te Utrecht. (1948)
  • Het nieuwe voorleesboek (1950)
  • Annelies (1951)
  • Het mooie begin (1 en 2) (1952)
  • Waarom verdient het goede kinderboek onze diepe belangstelling? (1952)
  • Voetstapjes in de sneeuw (1953)
  • De bengels in het bos (1956)
  • Margrieten (1956)
  • Kleine zwerver (1958)
  • Het gouden voorleesboek (1959)
  • Negen kerstvertellingen (1982)
  • Het kind en zijn boek. Lezingen van W.G. van de Hulst. (1995)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. W.G. Van de Hulstfestival - wgvdhulstfestival.nl