W.G. van de Hulst jr.

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Van de Hulst in 2003

Willem G. van de Hulst (Utert, 4 juny 1917Nieuwersluis, 27 july 2006) wie in Nederlânsk keunstskilder, skriuwer en byldhouwer. Teffens wie er yllustrator fan hûnderten berneboeken. Hy wie de âldste soan fan berbeboekeskriuwer W.G. van de Hulst sr. en Jeanette Maan.

It earste boek dat Willem G. van de Hulst (doe 14 jier) foar syn heit yllustrearre wie INDE SOETE SUIKERBOL (1931), ien fan de earste stripferhalen yn Nederlân dat ferskynde yn it doetiidsk deiblêd De Standaard. Der soene noch tûzenen yllustraasjes folgje foar tal fan skriuwers har wurken. Dy yllustraasjes kin men der gau út en sammlers binne der hjit op.
Heit en soan Van de Hulst bleaune oant de dea fan senior yn 1963 oparbeidzjen oan goed 100 berneboeken, lêsmetoades, skiednisnisboeken, pedagogyske geskriften en lêzingen dy't W.G van de Hulst sr. skreau.

Willem G. van de Hulst folge de beropsoplieding aan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam, doe't er 1946 it berneboek Tippeltje en de roman Feestgebouw in de regen útbrocht (by de Arbeiderspers). Dêrnei ferskynden noch sa'n tritich ferhalen fan syn hân. Ek makke er foar it basisûnderwiis in biologymetoade, in skiednismetoade en de lêsmetoade Ik zie, ik zie.. en Kijk het heeft gesneeuwd! mei de bekende wânplaten foar yn de klasse; yn 1959 in tige nij konsept.

Van de Hulst syn magnus opus is it saneamde Metro-projekt dat er iere jierren tachtich makke en wêr't er trije jier oan wurke. It is in achtluik (oalje op paneel) mei grutte opharselssteande metropassazjiers. It keunstwurk hat as tema "de sin en hopeleazens fan it bestean".

Op de earste snein fan de moanne hold Van de Hulst iepen dei yn syn atelier yn Nieuwersluis dêr't syn wurk oars noch altyd te besjen is. Museum van Lien hold yn 2005 in oersjochtentoanstelling fan syn wurk en 2007 wie der in betinkingstentoanstelling yn it Stedelijk Museum Vianen.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De glorie van de Vechtstreek fan Van de Hulst, Breukelen
  • Tippeltje (1946)
  • De Pruikenmaker en de Prins (1947)
  • Wilhelmus (1948)
  • Japie (1950)
  • Het geheim (1950)
  • Ko-tje en het kerstfeest (1950)
  • Wat de uil zag (1952)
  • Tussen het gele riet (1954)
  • Ere zij God (1956)
  • Lotte-Rot (1959)
  • Ik ben een oude juffrouw (1960)
  • Het verdwaalde schaap (1961)
  • Kerstfeest voor een gulden (1962)
  • Feestgebouw in de regen (1963)
  • Ik zie, ik zie wat jij niet ziet (1963)
  • Het geheim in de mist (1964)
  • Kijk, het heeft gesneeuwd deel 1 (1964)
  • Hans de Ponnie (1965)
  • Tom (1966)
  • Kijk, het heeft gesneeuwd deel 2 (1966)
  • Het boek van het prinsenkind (1967)
  • Het opstapje (1967)
  • Kip-Kakel (1967)
  • Duizend jaar 1 (1968)
  • Duizend jaar 2 (1968)
  • Ezeltje (1968)
  • De tovenaar (1969)
  • Voorjaar aan het water (1972)
  • Ik en Beppie (1970)
  • Waarom de tram stil stond (1971)
  • Winter in het weiland (1972)
  • Herfst in het bos (1972)
  • Zomer aan zee (1972)
  • Wachten op de kraakwagen
  • Vera (Later: Akkie en haar kerstlantaarn) (1973)
  • De verloren foto (1977)
  • Een kwestie van tijd (1982)
  • Duffie
  • Kijken naar de maan (1990)
  • Zwarte kraaien (1991)
  • Zijn de kraaien nog zwart
  • Het spook van de Ravenhorst (1994)
  • Tom en van een jongen die jaloers was (1994)
  • Akkie en haar lantaarn (Eerder: Vera) (1994)
  • Het spook van de Ravenhorst (1994)
  • Het kerstfeestgevoel (1994)
  • Het ezeltje (1995)
  • Een lichtje in het donkere bos (1997)
  • Feest in Houten (1999)
  • Koosje en het kerstfeest (2000)
  • De natte hond (2001)
  • Rumoer op de (2002)
  • De wolvenjacht (2002)
  • Een gevaarlijk dier (2002)
  • De grote teen van vader (2004)
  • Maar, getal, gewicht (2004)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: