Wâldpyk en Wâldprodukten
Wâldpyk en Wâldprodukten is de namme fan in projekt dat de streekprodukten út de Fryske Wâlden ferneamder meitsje moat. It komt fuort út it 'Kennissintrum foar seldsume of oarspronklike Fryske bisten-, planten- en fruitrassen', ûnderdiel fan it eardere It Griene Nêst yn Sumar. De Stichting Wrâldfrucht is de útfierder fan it projekt. It projekt moat der foar stean dat der in streekmerk komt foar de Fryske Wâlden. Ek de konsumpsje fan de fiif keazen Fryske produkten moat ferbettere wurde.
It projekt wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân, it JM-fûns, de Rabobank De Lauwers, Rabobank Burgum-Eastermar, SGB, Stichting Wrâldfrucht, frijwilligers en private middelen. Fierders wurdt der ek oparbeide mei oare partijen, lykas de Federaasje Noardlike Fryske Wâlden, Iepenloftmuseum De Spitkeet, De Kruidhof, Doniastate en it takomstige temapark Wâldhúskes.
Produkten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As earst waard der in streekmerk opset, it krige de namme ‘Wâldpyk’. Der binne fiif produkten út de Fryske Wâlden útsocht:
- De Giele Wâldbean
- De Wichter (ek wol Wâldprom neamd)
- De Leverkleurige Bean
- De Reade Krobbe
- It Wâldgieltsje
De Wichter, it Wâldbeantsje en it Wâldgieltsje binne troch de Stifting Streekeigen Produkten Nêderlân as streekprodukt erkend.
It projekt is opboud yn trije fazen. It earste part bestiet út de ûntwikkeling fan it streekmerk, dat de namme Wâldpyk krige. Dan komt it part fan it útsetten fan de produkten yn de eigen kriten. As lêste moatte de produkten ek bûten de eigen regio ferkocht wurde. Op it stuit is it projekt yn de lêste faze.