Springe nei ynhâld

Voerman Museum Hattem

Ut Wikipedy
Foarkant fan it museum

It Voerman Museum Hattem is in museum yn de Gelderske stêd Hattem yn Nederlân.

By gelegenheid fan it 650-jierrich bestean fan Hattem yn 1949 waard de Stichting Oud Hattem oprjochte en waard der in histoaryske útstalling holden. Yn 1971 waard in âldheidskeamer ynrjochte, dy't as streekmuseum permanint omtinken jaan soe oan de skiednis fan Hattem en omkriten. It museum waard ûnderbrocht yn in 17e-iuwske wente yn de Achterstraat, dêr't it noch altyd fêstige is.

Oant 1 jannewaris 2019 wie de yngong fan dit museum ek de yngong fan it Anton Pieck Museum.[1]

Yn de rin fan de jierren feroare de funksje fan it streekmuseum en rjochte him njonken de skiednis fan stêd en omkriten hieltyd mear op keunstners dy't yn Hattem wenne en arbeide hawwe. De nije namme Voerman Museum Hattem waard ûntliend oan de keunstskilders Jan Voerman sr. en Jan Voerman jr.. Oare keunstners fan wa't it museum wurk yn de kolleksje hat binne ûnder oaren Jo Koster, Bé Thoden van Velzen, Johannes Bosboom en Adrianus Eversen.

Wat de skiednis fan Hattem oanbelanget binne yn de kelder fynsten fan ûnder oare It kastiel de Dikke Tinne te besjen en yn de Hattemseal is in 4000 jier âlde klokbeker en klokbekerskaal út de klokbekerkultuer te finen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: