Springe nei ynhâld

Jan Voerman jr.

Ut Wikipedy
Jan Voerman jr.

Jan Voerman jr. (Hattem, 23 jannewaris 1890 - Blaricum, 13 juny 1976) wie in Nederlânske tekener, keunstskilder, yllustrator en litograaf.

Jan Voerman wie in soan fan de skilder Jan Voerman sr (1857-1941). Syn earste ûnderjocht yn it skilderjen krige er fan syn heit.
Yn 1905 krige Voerman jr. syn earste offisjele opdracht fan syn pake Verkade, fan it koekefabryk mei deselde namme, om tekeningen foar in natueralbum te meitsjen. Hy arbeide dêrby op mei de skriuwer Jac. P. Thijsse en mei ûnder oaren de byldzjende keunstners Ludwig Wenckebach, Jan van Oort en Henricus Rol oan 27 Verkade-albums. Troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch kaam dêr in ein oan.[1]

Voerman jr. folge opliedingen oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten yn Amsterdam en oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach. Yn 1923 troude er mei Hetty Mansholt en ferhuze nei Overveen dêr't er bekend wurden is as litograaf. Yn 1932 sette er him nei wenjen yn Blaricum. Voerman waard yn 1975 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy stoar yn juny 1976 yn de âldens fan 86 jier.

Ferskate wurken fan him hearre ta de kolleksje fan it Voerman Museum Hattem.

  • Rita van der Hout, "Jan Voerman junior: uit de schaduw van de IJsselschilder", Swolle, 2001

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Wenckebach en Van Oort wienen doe al stoarn, Wenckebach yn 1937 en Van Oort yn 1938