Springe nei ynhâld

Dikke Tinne

Ut Wikipedy
It kastiel yn Hattem, yn de 17e iuw in ruïne.
It iennige oerbliuwsel fan dit kastiel.

De Dikke Tinne, ek wol bekend ûnder de namme St. Lucia, wie in kastiel yn Hattem.

Al yn 1361 is der sprake fan in "hûs" fan de hartoch fan Gelre yn Hattem. Hartoch Reinoud IV fan Gelre liet yn 1404 in mânsk kastiel sette mei muorren fan 7 meter dik, de dikste kastielmuorren fan Nederlân.

Op it dak fan ien fan de tuorren stie in koperen wynfaan, dy't by opgravingen weromfûn is.

Yn 1580 waard it kasteel troch de drost, Loadewyk fan Montfoort, yn hannen fan de Spanjerts brocht, dy't lykwols troch de boargers fan de stêd wer ferballe waarden. Dêrop naam de stêd it kastiel yn beslach. In diel waard sloopt en twa tuorren waarden yn de stêdsmuorre opnomd.

Yn 1778 waarden de tuorren foar ôfbraak ferkocht. Hjoeddeis is it pân Adelaarshoeke 18 (pleatslik bekend as "It Spûkhûs") it iennich oerbleaune restant fan dit kastiel. Op it Tinneplein binne de opgroeven kontoeren fan de muorren sichtber makke.