Victoria Slim

Ut Wikipedy
Victoria Slim
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Linda Fernandez, Elena Guerra,
Leslie, Lydia, Lynda, Nikki,
Sandra Rubin, Linda Shame,
Linda Shane, Linda Slam,
Victoria Slem, Victoria Slew,
Linda Slim, Victoria
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 5 febrewaris 1980
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20042014
offisjele webside
gjint

Victoria Slim, echte namme ûnbekend (Boedapest, 5 febrewaris 1980), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol wurke hat ûnder de artystenammen Linda Fernandez, Elena Guerra, Leslie, Lydia, Lynda, Nikki, Sandra Rubin, Linda Shame, Linda Shane, Linda Slam, Victoria Slem, Victoria Slew, Linda Slim en Victoria. Hja sette yn 2004 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry, en spile yn frijwat films. Yn 2014 beëinige Slim har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Victoria Slim waard nei alle gedachten op 5 febrewaris 1980[1][2] berne yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest, hoewol't ien boarne as har bertedatum 8 april 1984 oanhâldt.[3] Yn 2004, doe't se 24 jier wie, makke se har debút as aktrise yn in pornografyske film.

Under har karriêre wie Slim aktyf yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se yn totaal yn 77 films, wêrfan in stikmannich foar de Sweedske Private-studio, en ferskate foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Evil Angel, New Sensations, Anabolic Video, Devil's Film, Zero Tolerance en Digital Sin.

Fierders wie Slim ek wol yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, lykas Reality Kings, en foar minder bekende studio's, wêrûnder Pure Play Media, Legend Video, Metro, Third Degree Films en Platinum X Pictures. Se wurke gear mei manlike tsjinspilers as Mick Blue, Erik Everhard, Frank Gun, Steve Holmes, Nick Lang, Jean-Yves Lecastel, David Perry, Zenza Raggi, Toni Ribas en Leslie Taylor. Yn 2014 loek se har nei in wurkpaad fan tsien jier út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Victoria Slim is blank, mei grize eagen en brún of dûnkerblond hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in natuerlike kupmaat 36A. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings. wol hat se in tatoeaazje fan in hynstekop op har búk, skean loftûnder har nâle.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske gegevens en filmografy fan Victoria Slim yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
  2. Biografyske gegevens fan Victoria Slim op FreeOnes
  3. Biografy en filmografy fan Victoria Slim yn 'e Internet Movie Database (IMDb)