Vibe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Vibe
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre muzyk en showbusiness
frekwinsje 1x yn it fearnsjier
bestean 1993 – no
oprjochter Quincy Jones
plak haadred. New York (New York)
útjouwer Spin Media
oplaach 301.000 (2012)
tal abonnees 202.000 (2012)
ISSN 1070-4701
offisjele webside
www.vibe.com

Vibe (koart foar vibration, "fibraasje" of "trilling", dat yn 'e Amerikaansk-Ingelske sprektaal in oantsjutting is foar in (goed of min) gefoel) is in Amerikaansk tydskrift op it mêd fan 'e muzyk en de showbusiness. It waard yn 1993 oprjochte as in moanneblêd troch muzykprodusint Quincy Jones, en it leit him benammen ta op artikels oer R&B en hiphop en artysten dy't muzyk út dy sjenres meitsje, mei dêrnjonken stikken oer akteurs, presintators en oare bekendheden.

Nei't de produksje yn 'e simmer fan 2009 stil kaam te lizzen, waard it blêd oernommen troch InterMedia Partners, wêrnei't it noch ienris yn 'e twa moannen ferskynde, wylst de online-útjefte in wichtiger plak krige. Yn 2014 waard mei de útjefte op papier hielendal stoppe, en no ferskynt it blêd inkeld noch ien kear yn 't fearnsjier en online.

Vibe hat syn súkses te tankjen oan in breder ferskaat fan ûnderwerpen as konkurrinten lykas The Source en XXL, dy't har útslutend op rapmuzyk rjochten, of Rolling Stone en Spin, dy't allinne mar oandacht oan popmuzyk bestegen. Yn 2012 hie Vibe in oplaach fan krapoan 301.000, wêrfan't goed 202.000 út abonnees bestie, wylst rom 98.500 eksimplaren bestimd wiene foar de frije ferkeap. Fan 2003 oant 2007 kende Vibe op it mêd fan 'e muzyk syn eigen Vibe Awards ta, wêrfan't de útrikkingsseremoanje live útstjoerd waard op 'e stjoerders UPN (2003-2006) en VH1 Soul (2007)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.