Springe nei ynhâld

Rap (muzykstyl)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rapmuzyk)

Rapmuzyk is in ûnderdiel fan de Hiphopkultuer. Rapmuzyk wurdt meast makke mei in beat, mar wurdt gauris a capella dien. Rap is ien fan de eleminten fan de hiphopkultuer. In rapper, ek wol MC (Master of Ceremonies) neamd, fertelt op ritmyske wize in (rymjende) tekst of ymprovisearret (freestyle), meastal op in beat, mar soms ek a capella. It wurd "to rap" of "rapping" waard al yn de 18e iuw yn it Britske Ingelsk brûkt en betsjut neat oars as "sizze" (to say). It waard troch de Afro-Amerikanen oeromd en betsjut yn it Afro-Amerikaansk Ingelsk 'konversearje'. It wurd 'rappen' betsjut yn de Amerikaanske strjittaal soksawat as prate (Frysk: 'earne fan reppe'). Sprutsen tekst mei ynstrumintale en/of ritmyske begelieding is troch de jierren hinne altiten brûkt, mar de sang The Revolution will not be televised troch de Amerikaanske swarte dichter Gil Scott-Heron út 1971 kin beskôge wurde as in iere foarm fan rap. Oaren soenen him folgje en dizze iere foarm fan rap waard yn Jamaika troch reggaesjongers oernomd en evaluearre ein jierren santich ta de hiphop. Fanút Jamaika ferovere dizze opnij de Feriene Steaten. Al rillegau kaam der in ûnderskied tusken East Coast Rap (Notorious BIG, Wu-Tang Clan, Run-D.M.C.) en West Coast Rap (2Pac, Ice-T, N.W.A., Eazy E).