Springe nei ynhâld

Fergilius

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vergilius)

Publius Fergilius Maro, better bekend as Fergilius (yn de Midsiuwen soms skreaun as Firgilius) (Mantua, 15 oktober 70 f.Kr.Brindisy, 21 septimber 19 f.Kr.), wie in Romeinsk dichter.

Syn bekendste wurk is de Aeneis, it grutte heldedicht dêr't de grutheid fan Rome, fan Romes oarsprong en ferline yn besongen wurdt. Dat wurk moast like ferneamd wurde as de Ilias en de Odyssee fan Homerus, it hat dan ek in soartgelikense ynhâld, mar it is kritysker skreaun. Fergilius ferskynt ek yn La Divina Commedia fan Dante Alighieri, dêr't hy Dante begeliedt troch it Faaiefjoer en de Hel.

De wichtichste boarne foar it libben fan Fergilius is de Vita Vergilii (It libben fan Fergilius) fan de fjirde-iuwske skriuwer Aelius Donatus. Dizze gie foarôf oan syn kommentaar op Fergilius syn wurk, wêrfan allinnich it begjin fan it kommentaar op de Bucolica oerlevere is. It kommentaar fan Donatus waard lykwols brûkt troch syn learling Servius foar in nij kommentaar op it wurk fan Fergilius, dêr't ek inkele biografyske yn steane. Neist it wurk fan Donatus en Servius binne noch inkele minder wichtige libbensbeskriuwingen, en befet it wurk fan Fergilius inkele biografyske gegevens.

Georgica I, 121-125 mei in inisjaal O yn de Vergilius Augusteus.
  • Eclogae (ek wol bekend as de Bucolica; in lang ferheljend gedicht)
  • Georgica (in lang ferheljend gedicht)
    • Fryske oersetting: Lânwurk (fert. Klaas Bruinsma, 2002)
  • Aeneis (in epos oer de leginde fan Aeneas en de stifting fan Rome)
  • Appendix Vergiliana ("Firgiliaanske Taheakke"; in samling fan jeugdfersen fan Fergilius)
    • Catalepton ("Lytsichheden")
    • Priapea (3 gedichten oer de fruchtberheidsgod Priapus)
    • Dirae (ferwinskings)
    • Copa (herbergierske)
  • Culex (novelle oer in neef dy't in sliepende hoeder rêdt fan in slange troch him wekker te stekken)
  • Ciris (novelle oer in prinsesse dy't fereale wurdt op in fijân fan har heit. Hja wurdt troch har heit oan de efterstjûne fan in farrend skip hongen. De goaden krijge begrutsjen mei it fanke en feroarje har yn in seefûgel)
  • Moretum ("Potiten"; oer in boer dy't mei syn feinten in sober miel yt)