Vengaboys

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Vengaboys
Ic queue music 48px.svg band
De Vengaboys by in optreden yn 2013.
De Vengaboys by in optreden yn 2013.
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre dance
bestean 19972004 & 2006 – no
label(s) Breakin' Records/Violent Music
prizen World Music Award 2001
webside www.vengaboys.com
besetting
leden Kim Sasabone
Denise van Rijswijk
Robin Pors
Donny Latupeirissa
âld-leden Roy den Burger
Yorick Bakker
Mark Jong-A-Pin
Lynn Allien
J.J. van Zon

Vengaboys (útspr.: "bengaboys") is in Nederlânske dance-groep dy't oan 'e ein fan 'e jierren njoggentich grutte hits skoarde mei û.m. Boom, Boom, Boom, Boom!! en We're Going to Ibiza. Yn 2004 waard de groep opdoekt, mar fanôf 2006 treden se wer op, en yn 2010 makken se sels in lytse comeback. Harren muzyk kin ûnderbrocht wurde by de sjenres dance, eurodance en/of eurohouse. De Vengaboys steane bekend om dûbelsinnige (of ûndûbelsinnige) ferwizings nei geslachtsferkear yn harren lietteksten en titels, lykas Up and Down, Boom, Boom, Boom, Boom!! en Rocket to Uranus.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste single fan 'e Vengaboys hiet fan Parada de Tettas en waard yn 'e simmer fan 1997 útbrocht. It ferhaal waard yn omgong brocht dat twa live-discjockeys, DJ Delmundo en Danski, mei in âlde skoalbus de Spaanske baaiplakken ûnfeilich meitsje soene. Underweis hiene se fjouwer sjongers en dûnsers oppikt, dy't elts út in oar wrâlddiel ôfkomstich wiene. Under de yllegale optredens soe boppedat geregeldwei gaos ûntstean om't der jild yn it publyk smiten waard, en de plysje soe de groep efter de hakken sitte om't de mastertapes stellen wiene. Dat bliek neitiid allegear ûnsin dy't optocht wie om publisiteit te krijen.

Pas in pear singles letter waard dúdlik dat efter DJ Delmundo en Danski de Nederlânske dj's Wessel van Diepen en Dennis van den Driesschen beskûlgiene. Ek de sjongers/dûnsers blieken gewoan Nederlanners te wêzen. Alle fjouwer hiene dy in fêst kostúm. De orizjinele besetting bestie út Kim Sasabone (Armygirl), Denise van Rijswijk (Doll), Robin Pors (Sailorboy) en Roy den Burger (Cowboy). De besetting fan Doll, Sailorboy en Cowboy ûndergie meitiid ferskate feroarings, mar de rol fan Armygirl is nea ferfolle troch immen oars as Sasabone.

Parada de Tettas en de twadde single To Brazil waarden beskieden hits. De trochbraak kaam mei Up & Down, dat yn it foarjier fan 1998 de top 10 helle. Itselde barde dat jiers mei de nûmers We Like to Party! en Boom, Boom, Boom, Boom!!, dy't ek ynternasjonaal trochbrieken. Yn 1999 folge in trêde grutte ynternasjonale hit mei We're Going to Ibiza. Nei't yn 1999 noch Kiss (When the Sun Don't Shine) en yn 2000 Shalala Lala en Uncle John from Jamaica beskieden hits waarden, gie it stadichoan berchôf mei Vengaboys. Wol wûnen se yn 2001 noch de World Music Award foar bêstferkeapjende dance-groep fan it jier. Uteinlik waard yn 2004 besletten om 'e groep op te doeken.

Lykwols begûnen oardel jier letter de oanfragen foar nije optredens binnen te streamen. Yn Ingelân kamen feesten mei jierren 90-muzyk yn 'e moade, en dêrwei wreide dy raazje him út oer it kontinint. De Vengaboys, dy't ûnderwilens allegear in nije karriêre begûn wiene, fûnen dat se sok goed jild net lizze litte koene. Dat se besleaten om it der gewoan 'by' te dwaan, ien- of twaris yn 'e moanne. Dat waard lykwols al gau 80 kear yn 't jier. Noch altyd giet it mei Vengaboys as it spoar. Yn 2010 makken se sels in lytse comeback mei in 21e plak yn 'e hitlisten mei it nûmer Rocket to Uranus.

Besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoeddeiske besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eardere besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Titel Resultaat
1998 Up & Down – The Party Album! Flag of the Netherlands.svg Nederlân: goud
Greatest Hits, Part 1 (alternative namme: The Party Album) Flag of New Zealand.svg Nij-Seelân: 5x platina
Flag of Canada.svg Kanada: 3x platina
Flag of Australia (converted).svg Austraalje: 2x platina
Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje: 2x platina
Flag of the Netherlands.svg Nederlân: 2x platina
Flag of the United States.svg Feriene Steaten: goud
Flag of Switzerland.svg   Switserlân: goud
2000 The Platinum Album

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier titel heechste posysje
yn 'e Ned. hitlisten
resultaat
1997 Parada de Tettas 14
To Brazil 22
1998 Up and Down 5 Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje: goud
We Like to Party! 2 Flag of Australia (converted).svg Austraalje: platina
Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje: goud
Flag of the Netherlands.svg Nederlân: goud
Boom, Boom, Boom, Boom!! 1 (4 wiken) Flag of the Netherlands.svg Nederlân: 2x platina
Flag of Australia (converted).svg Austraalje: platina
Flag of Germany.svg Dútslân: goud
Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje: goud
1999 We're Going to Ibiza 1 (3 wiken) Flag of the Netherlands.svg Nederlân: platina
Flag of Australia (converted).svg Austraalje: goud
Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje: goud
Kiss (When the Sun Don't Shine 2 Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje: sulver
2000 Shalala Lala 2 Flag of Germany.svg Dútslân: platina
Flag of Australia (converted).svg Austraalje: goud
Flag of Switzerland.svg   Switserlân: goud
Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje: sulver
Uncle John from Jamaica 7
Cheekah Bow Bow (That Computer Song) (mei Cheekah) 32
Forever as One 77
2010 Rocket to Uranus 21
2013 Hot, Hot, Hot 29
2014 2 Brazil 52

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.