Springe nei ynhâld

Veenstra's Banketbakkerijen

Ut Wikipedy

Veenstra's Banketbakkerijen wie in bakkerij fan Halbe Veenstra op De Jouwer. De bakkerij bestie fan 1921-1934 en wie spesjalisearre yn joadekoeken.

Halbe Veenstra (Ljouwert, 29 novimber 1894 – Haren, septimber 1957) waard al op syn njoggende wees. Nei syn skoaltiid learde hy foar banketbakker en kok. Yn 1921 naam hy de banketbakkerij fan Ype Bakker oer. Hy ferkocht bûtergebak en joadekoeken foar seis sinten en wie al bekend op De Jouwer. Op 25 febrewaris boaske hy mei Lucina Feitsma (Ootmarsum 1901). Halbe en Lucine krigen trije bern. Lucina har folk wiene Djurre Feitsma en Tryntsje van der Veen. Dy hiene op De Jouwer in 'restaurant, stâlhâlderij, hotel, stasjonskofjehûs en bûnshotel’ dat letter nammen krige as Bijkersma, Minnesma en Reekers. Halbe en Lucina wenne earst op Midstrjitte 104 en sûnt 1933 ek op nûmer 106. Beide gebouwen hearden by de bakkerijen. Letter sieten dêr de winkels fan Pearle en kleanwinkel Jensen.

Neist in soad oare bakkersprodukten ferkocht hy ek pasteikes, sûkelarje en bonbons. As spesjaliteit makke Veenstra joadekoeken dy’t yn moaie bussen ferkocht waarden. Om de bussen sieten artistike wikkels dy’t hy meitsje liet yn Amsterdam. In oantal waarden makke troch keunstner Jan Rot. Hy makke ek in soad sânkoekjes 'foar picknick, auto-, fyts- en watertochtjes’. Omdat de loftfeart in soad yn it nijs wie, bakte hy ‘Fokkerkes’, in koekje yn de foarm fan in fleantúchje.

De auto's fan Veenstra

Halbe Veenstra hie in soad minsken yn it wurk. Neist oare bakkers, ynpakkers en winkelfamkes wiene der sjauffeurs foar syn trije lúkse weinen: in Austin en twa A-Fords. Ien fan de sjauffeurs wie Arend Glas, de lettere gymnastyklearaar fan de sportwinkel oan de Midstrjitte. In diel fan de produksje gie nei it bûtenlân. Sa stie er by in stand fan Douwe Egberts op in beurs yn it East-Yndyske Bandoeng. Syn wikkels om de bussen mei joadekoeken waarden dan ek yn oare talen drukt.

Winkeliersferiening WIH

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Halbe Veenstra wie as ien fan de pommeranten op De Jouwer bestjoerslid fan de Nutsiisbaan. Yn maart 1930 wie hy inisjatyfnimmer en tydlik foarsitter fan de winkeliersferiening WIH dy’t by de soasjeteitsseal fan Terwisga oprjochte waard.

Yn 1933 ferkocht hy de beide bakkerijgebouwen oan de Midstrjitte.[1] It iene pân waard ferkocht oan Teun Gorter, it oare oan juffer C. Bakker út Snits. Veenstra begûn yn it pân fan juffer Bakker as ‘confiseur en cuisinier’ in nije banketbakkerij.

Yn 1934 ferhuzen de Veenstra's nei Haren, dêr’t se har ta wenjen setten oan de Westerse Drift. Halbe waard doe fertsjintwurdiger yn bakkerijgrûnstoffen en hie in administraasjekantoar foar bakkers. Op 30 septimber 1957 waard hy begroeven op begraafplak De Eshof yn Haren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Freark Marten RingnaldaJouster banketspesjalist Halbe Veenstra. Eens stond in Joure de jodenkoekfabriek Veenstra (1921-1934), yn: Ut Eigen Gea 2006-9

  1. Jouster Krante, 10 july 1933