Valkenburgse Mar
De Valkenburgse Mar is in rekreaasjedobbe en sânwinningslokaasje tichteby Valkenburg en by it Fleankamp Valkenburg lâns yn de Nederlânske gemeente Katwijk.
De mar is yn de jierren 1950 ûntstien troch sânwinning foar it produsearjen fan kalksânstien foar de bou. It Nasjonaal Smelspoarmuseum is der fêstige en der kin in ritsje de mar by del makke wurde mei in steamtram.
De Valkenburgse Mar en neiste omkriten hawwe in rekreätive funksje en binne ek in wichtich natuergebiet. De mar en de greiden rûnom binne in wichtige biotoop en pleisterplak foar ferskate soarten einen, guozzen, greidefûgels en trekfûgels, lykas de Toefert, de Kanadeeske goes en de ljip. Yn oktober sammelje op, de frijwillich beskermde, greide bytiden wol tûzen ljippen foar de trek nei it suden.
Troch de weiferbreding fan de oanbuorjende Rijnlandroute yn 2014 sil it dúnpoldergebiet mear ferkeerslawaai en utlitgassen te ferduorjen ha.
-
Valkenburgse mar
-
Stoomtrein by de Valkenburgse mar