Springe nei ynhâld

Valentina Tóth

Ut Wikipedy
Valentina Tóth
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlân
berne 10 juny 1994
berteplak Ljouwert
jierren aktyf 2018-no
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Valentina Tóth (Ljouwert, 1994)[1] is in Nederlânske aktrise, sjongeres, teätermakster, lietsjeskriuwster en (eartiidsk) pianiste.

Har muzyklearaar Rein Ferwerda fan de Ferwerda Academie út Drachten woe har earst klassike stikken spylje litte. Trochdat hja foar in part fan Hongaarske komôf is, fielde hja har ferbûn mei de klankkleuren en de klankewrâld fan Hongaarske muzyk. Se keas dêrom de Hongaarske komponist Béla Bartók (1881-1945). Al yn 2006 spile se op tolvejierrige leeftiid foar hûnderten harkers op treflike wize Bartók by de fyftichjierrige betinking fan de Hongaarske Opstân fan 1956, dy’t om de fiif jier organisearre wurdt yn Rotterdam. Yn 2005 wûn se de yntermezzopriis op de Rotterdamske pianotrijedeiske. As ien fan de winners fan it Prinses Christina Concours yn 2007 trede se op yn de Classic Express, in ta konsertseal omboude frachtwein dy’t troch België reizge om skoalbern yn kontakt te bringen mei klassike muzyk. Se helle dêrmei it jeugdsjoernaal. Boppedat waard se útnoege om te spyljen op it Edison gala yn de Ridderseal. Ek fertsjintwurdige se Noard-Nederlân yn it Concertgebouw by de 'Netherlands American Community Trust' finale. Yn 2009 mocht se in gastkonsert jaan yn de ferneamde Carnegie Hall yn New York..

Tóth studearre piano op it Keninklik Konservatoarium yn De Haach by Ellen Corver. Se studearre dêrnei aktearjen oan it Royal Institute of Theatre (RITCS) yn Brussel en piano oan it Keninklik Konservatoarium Brussel. Nei har ôfstudearjen as aktrise yn 2018, spile se rollen by Het Houten Huis, Teäter Antigone, Toneelschuur Producties en Groots en Meeslepend. Tóth skreau ek in diel fan de muzyk en lietteksten foar Voorjaarsontwaken fan teätergroep WOLF WOLF en wie ien fan de spilers yn de foarstelling Voorjaarsontwaken. De hiele besetting Voorjaarsontwaken krige fan it Flaamske Akteursgilde de akteurspriis foar it bêste mei-inoar spyljen. Yn 2023 wie se neffens de Volkskrant it Comedy Talent 2023. Se skreau ûnder mear ek foar NPO4 Klassieke muziekweek al in fjouwerdielige lietsyklus oer de komponist Mozart. Foar de Avond van de Kleinkunst 2023 krige se in útnoeging om in ferfolch te skriuwen op it liet Is dit nu later fan Stef Bos, dat se yn syn programma yn Carré útfierde.
Yn 2014 krige se in 'Diapason d'or' takend foar har cd Hungarian Horizon.[2] Se wie yn it ferline te sjen as de hûspianiste fan it telefyzjeprogramma De tiende van Tijl (NPO 2) yn seizoen 4, 5 en 6. Yn har earste jûnfoljende programma Wildbloei bringt se in oade oan in tal hystearyske froulju yn in tragikomyske, muzikale en oerdreaune ienfrousjo. Se siket dêryn de grinzen en klisjees fan it froubyld yn de maatskippij. Yn 2022 wûn se op it Amsterdamsk Kleinkunst Festival de Wim Sonneveldpriis (jurypriis) en ek de publykspriis mei Wildbloei. De sjuery neamde har in fenomenaal performer dy’t fluch en goed tusken de ferskate typkes en nûmers skeakelje kin. Hja wit dat te kombinearjen mei firtuoas pianospul, in fantastysje sjongstim en goed komponearre nûmers. [3] Yn Podium Klassiek song se op 11 novimber 2023 har eigen liet oer Aldtsjerk yn de Trynwâlden, it doarp dêr ’t se opgroeide. [4]

  • Hungarian Horizon (CD, 2013
  • Ruralia Hungarica = Humoresken In Form Einer Suite, mei Ernö Dohnányi (2018)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsjes