Vahanavank
Vahanavank Վահանավանք | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
provinsje | Sjûnik | |
koördinaten | 39°13'N 46°19'E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
oprjochting | 10e iuw | |
opheffing | 14e iuw | |
Kaart | ||
It kleaster Vahanavank (Armeensk: Վահանավանք) is in earder kleaster fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn 'e Súd-Armeenske provinsje Sjûnik. It kleaster giet op 'e 10e iuw werom en hie yn 'e 11e iuw syn bloeitiid. Dêrnei ferlear it kleaster oan betsjutting en sûnt de 14e iuw stie it leech. Oant yn 'e jierren 1960 wie it in ruïne. Nei't it kleaster yn 1966 archeologysk yn kaart brocht waard, folge sûnt 1969 en fral yn 'e jierren 2006–2009 werbou.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster wie yn 'e midsiuwen yn it suden, noarden en westen fan in muorre omklamme. De haadtsjerke is in oan Gregoarius de Ferljochter wijde krúskoepeltsjerke fan readkleurige basalt. De haadtagong is yn it suden en oan 'e westlike kant is noch in tagong.
Foar de tsjerke is in gavit mei in rjochthoekich grûnplan oanboud. Trije massive hoefizerfoarmige bôgen drage it dak. By ien fan 'e ierdskoddings stoarte de middelste bôge yn en dêr waard in soad skea oan it gebou fersoarsake. De tagong fan 'e foarhal wie yn it suden. Yn 'e gavit is in fries mei florale en geometryske patroanen.
By de arkades om 'e tsjerke en de gavit binnen in soad grêfstiennen mei ynskriften út de 11e en 12e iuw bewarre bleaun. Dêrûnder binne ek de grêven fan 'e keningen Smbat II, Grigor I, de keninginnen Sofia en Dinar en ferskillende prinsen en prinsessen. Boppedat waard yn it gebou in ynskrift fûn, dat it jier 1046 neamt. It is net wis of dat jier ferwiist nei it boujier.
De ienfâldige Mem Godstsjerke (Soerb Astvatsatsin) is in relatyf lyts mausoleum. De tsjerke stiet tsjin in berch yn it west en stiet op in ferwulft fan rûge natoerstien. Lykas alle gebouwen fan it kleaster wie de tsjerke mei dakpannen dutsen.
It refektoarium waard hast hielendal ferneatige en waard pas by de opgravingen wer ûntdutsen.
Súdeast fan it kleaster is in grut grêffjild, dat út de 2e iuw f.Kr. stamt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de midsiuwske kronykskriuwer en metropolyt fan Sjûnik, Stephanos Orbeljan (Armeensk: Ստեփանոս Օրբելյան; ca. 1250–1305) waard it kleaster troch Vahan stifte, de soan fan 'e sjûnityske foarst Dzagik, en nei him ferneamd. Neffens him waard Vahan muonts om himsels fan 'e duvel te befrijen. Dêrnei socht er 100 lyksinnigen en boude sûnt 911 de Gregoariustsjerke. Syn opfolger mei de selde namme gie fierder mei de bou fan it kleaster. Under syn lieding waard de gavit, in refektoarium en in pylderhal boud. Vahan waard letter metropolyt fan Sjûnik en katolikos.
It kleaster waard yn 'e 11e iuw it religieuze sintrum fan 'e keningen fan Sjûnik. De tsjerke fan 'e Mem Gods waard yn opdracht fan keninginne Sjahandûcht en har suster Kata yn 1086 fuort by de haadtsjerke as mausoleum foar harren skaai boud. Meardere keningen, foarsten en hege pommeranten waarden dêr begroeven.
Yn 'e 12e iuw oermasteren ynkringers it keninkryk Sjûnik. It kleaster ferlear oan betsjutting en sûnt de 14e iuw waard it ferlitten en ferfoelen de gebouwen.
Yn 1966 waarden de earste opgravingen útfierd. Under lieding fan 'e Armeenske arsjitekt Arthur Meschjan sette yn 1969 de werbou útein. Yn 'e jierren 2006-2006 folge de werbou fan 'e arkades en de restauraasje fan 'e Gregoariustsjerke en de gavit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|