Springe nei ynhâld

Vātsyāyana

Ut Wikipedy
Vātsyāyana
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Yndysk
berne 3e iuw f.Kr.
stoarn 3e iuw f.Kr.
wurk
taal Sanskryt
sjenre non-fiksje (filosofy, seksuology)
perioade Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Kāmasūtra

Vātsyāyana (útspr.: [vɑːʦˈjɑːjənə], likernôch: "waats-jaa-juh-nuh") wie in Aldyndyske wiisgear dy't nei alle gedachten libbe yn 'e trêde iuw f.Kr. Hy stiet bekend as de skriuwer fan 'e hindoeïstyske hillige tekst de Kāmasūtra. Hy moat net betize wurde mei Pakṣilasvāmin Vātsyāyana, de skriuwer fan Nyāya Sutra Bhāshya, it ierst oerlevere kommentaar op 'e Nyāya Sutra's fan Akṣapāda Gotama.

Der is amper wat bekend oer Vātsyāyana, útsein dat er de Kāmasūtra skreaun hat. Dat lêste is wis om't de skriuwer fan dat wurk syn eigen identiteit dêryn fêstlein hat. Der binne lykwols frijwol gjin oare boarnen oer Vātsyāyana. It tinken is dat er yn 'e trêde iuw f.Kr. libbe hat, mar it soe ek de twadde iuw f.Kr. west hawwe kinne. Hy wie in wiisgear en omskreau himsels yn 'e Kāmasūtra as ien dy't "it libben late fan in religieus studint yn Benares" (no Vārāṇasī). Hy kaam lykwols nei alle gedachten fan Pāṭaliputra (it hjoeddeistige Patna yn 'e Yndiaaske dielsteat Bihar).

Vātsyāyana skreau de Kāmasūtra net as in ordinêre sekshânlieding (sa't it wurk yn 'e Westerske wrâld yn 'e regel misbegrepen wurdt), mar as religieus geskrift, ferlykber mei in bibelboek, dat rie jout oangeande de deugdsume libbenswize dy't it hindoeïsme foarstiet. Sa'n libbenswize heart in sûn sekslibben no ienris by. Sels ferwurde Vātsyāyana dat yn 'e Kāmasūtra sa:

"Dit wurk is net bedoeld om inkeld brûkt te wurden as in ynstrumint foar it befredigjen fan begearten. Immen dy't kennis hat fan 'e wiere grûnbegjinsels fan dizze wittenskip, dy't syn dharma [deugd of religieuze fertsjinste], syn artha [wrâldske rykdom] en syn kāma [seksueel geniet] behâldt en dy't de tradysjes fan syn folk yn eare hâldt, sil sûnder mis master wurde fan syn sinnen. Koartsein: in yntelligint en mei kennis bejeftige persoan, dy't om syn dharma en artha tinkt en ek om syn kāma, sûnder dat er de slaaf fan syn eigen hertstochten wurdt, sil súksesfol wêze yn alles dat er by de ein hat."

In minderheid fan 'e saakkundigen op it mêd fan Vātsyāyana is fan tinken dat er net foar Kristus libbe hat, mar rûchwei yn 'e earste helte fan it earste milennium nei Kristus, earne tusken de earste en de sechsde iuw yn. Dy begrinzgings fan syn libben basearje se op 'e neikommende ûnderbouwing. Yn 'e Kāmasūtra neamt Vātsyāyana in Sātakarnī út 'e Sātavāhana-dynasty, dy't kening fan Kuntal wie. Dyselde soe syn frou Malayevati deaslein hawwe wylst er seks mei har hie, om't er him te fier meiskuorre liet troch syn hertstocht. Dat ferhaal wurdt oanhelle as warskôging tsjin guon âlde gewoanten om froulju ûnder it hawwen fan seks te slaan.

Party saakkundigen binne fan miening, dizze kening fan Kuntal wie Sātakarnī I, dy't regearre yn 'e twadde helte fan 'e earste iuw fan 'e Westerske jiertelling. Om him neame te kinnen, moat Vātsyāyana dan dus wol letter libbe hawwe. De ein fan it ynterfal wêryn't Vātsyāyana libbe hawwe kin, basearje dizze saakkundigen op in oare skriuwer, Varāhamihira. Yn it achttjinde haadstik fan syn Brihatsanhita hat dyselde it oer de "wittenskip fan 'e leafde", wêrfoar't er frijmoedich út it wurk fan Vātsyāyana liend liket te hawwen. Mei't Varāhamihira yn 'e sechsde iuw libbe, moat Vātsyāyana dan dus wol foar dy tiid libbe hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.