Völlenerfehn
Völlenerfehn is in doarp yn it suden fan de gemeente Westoverledingen yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. It doarp hat likernôch 3800 ynwenners en is part fan it Ortschaft Völlen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpsgebiet fan Völlenerfehn wurdt yn it westen begrinzge oan it doarpsgebiet fan Völlen, yn it noarden oan Steenfelderfeld, yn it eatsen oan it doarpsgebiet fan Völlenerkönigsfehn, en yn it suden oan de stêd Papenburch yn it Iemslân.
Völlenerfehn leit yn Eastfryslân op de grins mei it Iemslân. Völlenerfehn is nettsjinsteande syn namme, sa as it folle jongere Völlenerkönigsfehn gjin tradisjonele feanterij. It doarp waard al yn 1518 yn it protokolboek fan it Amt Leerort as Vollingerfheen by der Papenborg neamd. Dêrmei stammet de namme fan foar de feanterij. It efterheaksel -fehn ("-fean") tsjut yn dit gefal it feangebiet oan, ynstee fan in feanterij.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Völlenerfehn waard troch kolonisten út Völlen stifte. Völlenerkönigsfehn ûntstie yn 1830, folle letter. Völlenerfehn bestie earder út meardere doarpen: Vollinger - Fehn, Fehntjer Gaste, Grode-Gatt und Haferbült. Om 1300 jinne waarden dy doarpen neamd. Om 1700 hinne waarden dy gearfoege ta it hjoeddeistige Völlenerfehn. Yn 1787 waard de earste skoalle yn it doarp oprjochte, dy't yn 1822 fernijd waard.
It spoar kaam yn 1854 by it doarp del, doe't de Iemslânline tusken Lier en Papenburch ree kaam.
Hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Völlenerfehn hat in tsjerke fan de evangelysk-lutherske mienskip, en heart ta de tsjerkegemeente fan Völlen. Fierder stiet der in wynmûne út 1813. It doarp hat in legere skoalle mei in sporthal. Fierder is der in fuotbal- en tennisfjild en in brânwachtkazerne.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bundesstraße 70 tusken Lier en Papenburch rint westlik by it doarp del. Yn de 1960-er jierren waard de dyk om it doarp boud, dêr't er foartiids troch it doapr oer de Hauptsraße (Haadstrjitte) rûn.
Mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nijsgjirrich is de wynmûne, in muonts, dy't yn 1813 boud waard. De mûne waard as in nôt-, pel- en oaljemûne brûkt. Yn 1950 brutsen de wjukken ôf. Yn 1954 waard troch de nije eigener, de mûnder en mûnebouwer B.A. Goldenstein (1912-1996), ûnder lieding fan mûneboumaster Wurps út Riepe, de stilsteande achthoekige wettermûne út Riepster Hammrich op de mûne fan Völlenerfehn befêstige, sa't der winliken in dûbele mûne ûntstie. Die saneamde Bastard-Mühle waard yn desimber 2009 troch de famylje Küppers ferkocht en waard yn 2010/11 ôfbrutsen.
Persoanen ferbûn mei it doarp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gernot de Vries (1925–2012), dûmny en Nederdútsk skriuwer
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Westoverledingen | ||
---|---|---|
Haadplak: Ihrhove | ||
Doarpen: Breinermoor • Driever • Esklum • Flachsmeer • Folmhusen • Großwolde • Grotegaste • Ihren • Mitling-Mark • Steenfelde • Völlen | ||
· · |