Folmhusen
Folmhusen | ||
Eastfrysk skoalmuseum fan Folmhusen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Westoverledingen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 584 (31 desimber 2020) | |
Hichte | 4 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 28610 |
Folmhusen (Eastfrysk Plat: Folmhusen)[1] is in doarp (Ortschaft) yn de gemeente Westoverledingen yn East-Fryslân en leit justjes noardlik fan it haadplak Ihrhove oan de B70. It plak bestiet benammen fan de lânbou.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folmhusen heart ta ien fan de âldste delsettings fan it Oerledingerlân. Fynsten út it Mesolitikum binne fûn. It plak waard yn 1409 foar it earst neamd en hearde doe by it âlde Fryske goa Oerledingerlân, en wie part fan de Fâdij Esklum yn it Amt Leerort. Dêrnei kaam it ûnder it Amt Lier. Yn de Frânske tiid kaam Folmhusen by de gemeente Ihrhove, kanton Lier yn it Departemint Easteriems te hearren. Dêrnei kaam it by de amtsfâdij Ihrhove en yn 1885 waard it part fan de lânkring Lier. Yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen op 1 jannewaris 1973 waard Folmhusen part fan de nije gemeente Westoverledingen.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folmhusen waard yn 1409 foar it earst neamd as Wolkmedehusen. Letter waard it plak Fahouttahusum (1475) en Folmdehusen (1492) neamd. Yn in statistyk fan 1823 waard it doarp Volmhusen neamd. De namme is in gearstalling fan de persoanenamme Volmet of Volmt en husen (hûzen).
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Eastfrysk Skoalmuseum Folmhusen is sûnt 1987 yn de eardere skoalle fêstige. It gebou waard yn 1824 foar de twadde kear boud, yn 1879 ferboud en yn 1885 en 1904 fergrutte. Yn 1963 kaam der in skoalpaviljoen by de skoalle.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Westoverledingen | ||
---|---|---|
Haadplak: Ihrhove | ||
Doarpen: Breinermoor • Driever • Esklum • Flachsmeer • Folmhusen • Großwolde • Grotegaste • Ihren • Mitling-Mark • Steenfelde • Völlen | ||
· · |