Us-Leaffrouwetsjerke fan de Arke fan it Ferbûn
| Us-Leaffrouwetsjerke fan de Arke fan it Ferbûn Église Notre-Dame-de-l'Arche-d'Alliance כנסיית גבירתנו של ארון הברית | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Abu Ghosh | |
| koördinaten | 32°48' N 35°6' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1924 | |
| Webside | ||
| Side fan it kleaster | ||
| Kaart | ||
De Us-Leaffrouwetsjerke fan 'e Arke fan it Ferbûn (Hebriuwsk: כנסיית גבירתנו של ארון הברית, Frânsk: Église Notre-Dame-de-l'Arche-d'Alliance) is in roomsk-katolike tsjerke yn it Arabyske doarp Abu Ghosh yn sintraal Israel. De tsjerke stiet heech op in heuvel yn 'e noardwestlike hoeke fan it doarp.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1141 stiften de hospitaalridders by it hjoeddeiske Abu Ghosh in oare tsjerke, likernôch 400 meter eastlik fan 'e Us-Leaffrouwetsjerke fan 'e Ferbûnsarke. De tsjerke waard boud yn 1924 op it plak dêr't neffens de tradysje it hûs fan 'e levyt Abinadab stie, de man út Kirjat-Jëarim, dy't in hûs op 'e heuvel hie dêr't de Arke fan it Ferbûn dessinialang tydlik stien hie (1 Samuël 7; 2 Samuël 6; 1 Kroniken 13) oant kening David de Ferbûnsarke nei Jeruzalim helje liet.
De Us-Leaffrouwetsjerke fan 'e Arke fan it Ferbûn waard troch de Susters fan Sint-Joazef fan de Ferskining boud op it plak fan in âldere Byzantynske tsjerke út de 5e iuw en is fan fierrens te sjen troch it byld op it dak fan Marije mei Bern.
It ynterieur is ienfâldich: de muorren binne wyt en yn 'e apsis is in Latynk krús oanbrocht.
Njonken de tsjerketsjinsten fynt op 'e lokaasje ek alle jierren twaris it "Abu Ghosh muzykfestival" plak.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
