Abdij Sint-Marije fan de Opstanning yn Abu Ghosh
Abdij fan Abu Ghosh | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | Abu Ghosh | |
koördinaten | 31°48' N 35°6' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
oarde | Benediktinen | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | tsjerke: 12e iuw; kleaster: 1900 | |
boustyl | abdijtsjerke: romaansk | |
Webside | ||
Side fan it kleaster | ||
Kaart | ||
De Abdij Sint-Marije fan 'e Opstanning is in Benediktynske abdij yn it doarp Abu Ghosh yn Israel. It kleaster stiet yn it sintrum fan it doarp Abu Ghosh, likernôch 10 kilometer westlik fan Jeruzalim. It kleaster waard yn 1900 stifte by in âlde tsjerke út de krúsfarderstiid, op in plak dat doe indentifisearre waard as de lokaasje fan it bibelske Emmaüs (Lukas 24:13), dêr't Jezus nei de ferrizenis oan twa dissipels ferskynde. It kleaster is eigendom fan it Frânske Nasjonale Domein yn it Hillige Lân.
Kleastermienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1873 waard it behear fan it plak mei de tsjerke troch de Osmaanske autoriteiten oerdroegen oan Frankryk. De Benediktynske muontsen fan 'e Us-Leaffrouweabdij fan Belloc út Urt yn it Frânske departemint Pyrénées-Atlantiques bouden yn 1900 in lyts kleaster by de tsjerke. Se bleaune dêr oant 1953 en lieten de gebouwen doe nei oan 'e paters fan 'e Lazaristen.
Yn 1976 brochten trije muontsen fan 'e abdij Bec-Hellouin (Normandje) nij monastyk libben yn Abu Ghosh. It jier dêrnei folgen trije nonnen dy't ek út Bec-Hellouin ôfkomstich wie. Alhoewol't de kleastermienskip apart fan inoar libje, folgje se wol mienskiplik it kleasterritme. De âlde krúsfarderstsjerke is de kleastertsjerke fan 'e mienskip.
Kleastertsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âlde krúsfarderstsjerke is de abdijtsjerke en de âldste dielen datearje út de 12e iuw. It gebou wurdt beskôge as ien fan 'e moaiste krúsfarderstsjerken yn it Hillige Lân. De boustyl is romaansk en hat it sobere karakter fan 'e yn 'e krúsfarderstiid boude tsjerken. De trije skippen hawwe alle trije deselde ôfmjittings en einigje alle trije yn in apsis. De eastlike helte fan 'e tsjerke (oriïntearre op Jeruzalim) is dekorearre mei fresko's. De fresko's, dy't foar in part mei opsetsin fernield binne (alle gesichten binne ferwidere), waarden skildere troch in Byzantynske keunstner tusken 1150 en 1175.
De krypte bestiet út twa nivo's. It legere nivo is boud om in fiver dy't it wetter opfangt fan in boarne ûnder de trep, dy't fan 'e krypte nei de tsjerke omheech rint. It hegere nivo is ynrjochte as kapittelseal foar de mienskip.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|