Springe nei ynhâld

Unemastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Unema State)
Unemastate (1723)
Plak dêr't Unemastate stie (2009)

Unemastate, ek Unemastins of Oenema State stie oan de noardwestkant fan de tsjerke fan Blije yn de gemeente Ferwerderadiel. De state stie op in omgrêfte terrein dêr't no de Ljouwerterdyk oerhinne rint. Neist it stateterrein stiet oan de Unemawei in hûs op in beskerme terp, dêr't mooglik Unemastate op stien hat. Fan de state is neat werom te finen.

De skiednis giet werom op de 14e iuw of earder. As stamfaar fan de Unema's jout it Burmaniaboek Taco Unema, dy't yn 1406 en 1413 neamd waard. De state fererve op syn soan Ernst Unema, dy't mei Frouck Helbada út Ferwert troude. Hja wie widdo fan Jeppe Jeppema út Westernijtsjerk. Ernst (Yrst) Unama wie yn 1448 meirjochter yn Ferwerderadiel. Fia Ernst syn Oentse Unema, troud mei Tjets Janckesdr Douma fan Langwar, kaam de state oan Oentse syn soan Jancke Unema. Dy waard yn 1505 ta de edelen fan Ferwerderadiel rekkene en stie yn 1511 en 1540 te boek as eigener en brûker fan Unema State. Hy wie troud mei Tet Wyboltsma, en stoar neffens syn yn de tsjerke bewarre sark yn 1540. Op de state wenne Janco fan Unema dy't de striid oanbûn mei de Saksyske oerhearskers, mar om 1500 de wyk nimme moast nei it bûtenlân. Yn 1502 kaam hy werom en fersoene him mei de destiidske hearskers, mar op 'en doer rûn it wer mis. Hy koe him net skikke ûnder de macht fan syn gelikensen dy't de Saksen ynhelle hiene om oan de ûnderlinge striid in ein te meitsjen. In oanfal op en belegering fan Unemastins mislearre lykwols troch it moedich ferwar fan de hear en syn doarpelingen en Janco sette sels in tsjinoffensyf yn. Hy belegere Ljouwert en Dokkum, mar koe dy stêden net ynnimme en úteinlik moast er fannijs flechtsje. Hy waard finzen nomd, mar Grutte Pier wist him te ûntsetten. Op it lêst hat er him oan Karel V ûnderhearrich makke, mar hy waard net betroud en fan syn ynfloed wie gjin sprake mear. Hy is yn novimber 1540 op syn state yn Blije ferstoarn en dêr yn de tsjerke beïerdige.

As "Eenam" komt Unema op de kaart fan Sibrandus Leo út 1579 foar. In dochter fan Jancke Unema troude mei Doeke Martena dy't yn de jierren '70 fan de 16e iuw as eigener fan Unema neamd wurdt. Yn 1587 waard de state ferkocht oan Tako fan Aylva, grytman fan Ferwerderadiel, dy't yn 1602 op Unemastate wenne. Tako wie ien fan de leden fan dy grutte famylje dy't ek rûnom yn Fryslân goed betelle posten beklaaiden.

Fjirtich jier letter is it Hobbo fan Aylva dy't der "residearret" en yn 1696 is de state eigendom fan grytman Ernst fan Aylva en syn frou Elisabeth fan Aylva dy't de state út har famylje ynbrocht hie. Yn 1740 wurdt in Berber fan Douwema, widdo Fan Aylva, fermeld. Letter wie de state eigendom fan Hessel Douwe Ernst fan Aylva, soan fan Ernst en Elisabeth en nei him syn soan Ernst Frans fan Aylva, dy't grytman fan Baarderadiel wie. Dy lêste ferkocht yn 1756 huzinge, skuorre ensfh. op it hoarnleger. Wierskynlik is de state koart dêrnei ôfbrutsen, want de "Tegenwoordige Staat van Friesland" meldt om 1785 dat de Unemastins al lang ferdwûn is.

Blykber is der in pleats foar yn it plak komd mei deselde namme, mooglik boud troch de meier Jan Janse Postma, dy't it hoarnleger kocht. Yn 1895 wurdt melding makke fan de ferkeap fan Unemastate oan T. Poelstra yn Heech, dy't it hiele spul ôfbrekke liet. Dêrby wurdt melding makke fan it finen fan in wapenstien mei ôfkapt wapen en it jiertal 1587. Ek waard ûnder de flier in stien mei byldhouwurk fûn.

Under in tekening fan Stellingwerf út 1723 dy't Monsma State foarstelle soe, stiet dat de eigener Hessel Douwe Ernst fan Aylva is. Hessel wie lykwols gjin eigener fan Monsma State en troch de soad flaters yn de ûnderskriften op de tekeningen fan Stellingwerf is it dan ek goed mooglik dat it ôfbyld net fan Monsma- mar fan Unemastate is.

Bewenners
  • 1406, 1413 Taco Unema
  • Ernst Unema, troud mei Frouck Helbada
  • Oentse Unema, troud mei Tjets Janckesdr Douma
  • 1500-1540 Janco van Unema troud mei Tet Wyboltsma
  • ± 1575 Tryn fan Unema, troud mei Doeke fan Martena
  • 1602 Tako fan Aylva
  • 1642 Hobbo fan Aylva
  • 1696 Ernst fan Aylva
  • 1740 Berber fan Douwema, widdo Fan Aylva
  • Hessel Douwe Ernst fan Aylva
  • oant 1756 Ernst Frans fan Aylva
  • 1756 ? Jan Janse Postma

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, ± 1955
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel
  • Stinzen yn Fryslân