Springe nei ynhâld

Uldrik Bottema

Ut Wikipedy
Uldrik Bottema
persoanlike bysûnderheden
echte nammeUldrik Bottema
nasjonaliteit Nederlânsk
berne9 novimber 1907
berteplakLjouwert
stoarn29 desimber 1986
stjerplakIt Hearrenfean
wurkpaad
berop/amtkeapman
aktyf astaalaktivist
reden
  bekendheid
direkteur fan Frysk en Frij

Uldrik Bottema (Ljouwert, 9 novimber 1907 - It Hearrenfean, 29 desimber 1986) wie frisiast en ûnderwiisman.

Bottema wie ponghâlder en propagandist fan feriening De Fryske Skoalle (1956-1972) en Freonen fan Frysk en Frij (1958-1966).

Hy hie in tsiishannel yn Ljouwert oan it Suderplein en wie ienichst bern. Hy hat syn jild neilitten oan it in jier foar syn dea oprjochte museum Aldheidkeamer Uldrik Bottema yn Aldeboarn. Hy hat de iepening net mear meimakke, mar wist fan it wurk dat dien waard om it klear te meitsjen.

Hy wie sûnt 1963 direkteur fan Frysk en Frij en nei oktober 1966 boelberêder. Fan 1967-1973 wie er ponghâlder fan de Feriening foar Romtefeart en Astronomy "Njord".

Boarnen, noaten en/as referinsjes: