Udenhausen (Boppard)
Appearance
Udenhausen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Rynlân-Palts | |
Landkreis | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
Stedsyndieling | Boppard | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 534 (31.12.2020) | |
Oerflak | 3,8 km² | |
Befolkingsticht. | 141 ynw./km² | |
Hichte | 395 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 56154 | |
Koördinaten | 50° 13'N 7° 30' E | |
Kaart | ||
Udenhausen is ien fan de tsien Ortsbezirken fan de stêd Boppard yn it Rhein-Hunsrück-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Oant de yndieling by de nije gemeente Boppard op 31 desimber 1975 wie Udenhausen in selsstannige gemeente.
Byldbepalend foar it doarp binne benammen de katolike Sint-Nikolaastsjerke, inkelde fakwurkhûzen en it âlde bakhûs, dêr't mei spesjale gelegenheden noch wol ris bôle bakt wurdt. Sûnt maaie 2007 hat it doarp ek in eigen Heimatmuseum.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Udenhausen leit súdlik fan de stêd Koblenz op de Hunsrück op in hichte fan 395 meter boppe seenivo tusken de rivieren de Ryn en de Mûzel.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sint-Nikolaastsjerke
-
Bakhûs
-
Fakwurkhûs
-
Heimatmuseum fan Udenhausen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Udenhausen fan Wikimedia Commons. |