Udenhausen (Boppard)

Ut Wikipedy
Udenhausen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Landkreis Rhein-Hunsrück-Kreis
Stedsyndieling Boppard
Sifers
Ynwennertal 534 (31.12.2020)
Oerflak 3,8 km²
Befolkingsticht. 141 ynw./km²
Hichte 395 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 56154
Koördinaten 50° 13'N 7° 30' E
Kaart
Udenhausen (Rynlân-Palts)
Udenhausen

Udenhausen is ien fan de tsien Ortsbezirken fan de stêd Boppard yn it Rhein-Hunsrück-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Oant de yndieling by de nije gemeente Boppard op 31 desimber 1975 wie Udenhausen in selsstannige gemeente.

Byldbepalend foar it doarp binne benammen de katolike Sint-Nikolaastsjerke, inkelde fakwurkhûzen en it âlde bakhûs, dêr't mei spesjale gelegenheden noch wol ris bôle bakt wurdt. Sûnt maaie 2007 hat it doarp ek in eigen Heimatmuseum.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Udenhausen leit súdlik fan de stêd Koblenz op de Hunsrück op in hichte fan 395 meter boppe seenivo tusken de rivieren de Ryn en de Mûzel.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]