Springe nei ynhâld

Tynje (fiskdaam)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tynje (daam))

In tynje (Aldfrysk: tyningha, teninge, teengia) is wierskynlik in beneaming foar fiskdaam. Wat de ôflieding oanbelanget wurdt tocht oan 'tena', earne in tún (hage) omhinne dwaan. Tún wie oarspronklik in lege huorde, flechten fan riishout.
Net-filologen hawwe tocht oan 'tia' (trekke) en oan yn de oarspronklike betsjutting 'waad' as plak dêr't men troch it wetter giet. By dy ûndjippe plakken waard fiske (sjoch ek: tichtset en * tynje (ryshout)). Der komme noch in soad tynjes foar (Garyp, Huzum, Oentsjerk, Rinsumageast).


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Tynje
  • Fryske Plaknammen' I, 93-95; VII 41-55;VIII 23-28
  • Ít Beaken - XI (1949), 189-194
  • H.J. Moerman - Nederlandsche Plaatsnamen (Leien, 1956) side 239