Oerlis:Tynje (fiskdaam)
Bêste Swarte Kees,
[boarne bewurkje]Ik haw der in skoftsje tusken út west en besocht wat oer De Tynje op de Hollânske WP te krijen. Jo hienen my al warskôge. Der binne guon goeie by, hiele bêste sels, dêr't ik fuort goed mei koe. Dêr haw ik it sawat mei sein. Fierder liket it wol in sekte mei harren hillich ferklearre 'conventies'. Hoe't sy der meiinoar as tempelwachters foar lizze! (Wêrfoar eins?) Dêr wie de aardichheid gau ôf, al spyt my dat fan de goeie kontakten (dy't ik al oanhâlde wol).
Jo en ik moasten tegearre marris gear oer dat aparte 'tynje'. Neffens my is it in tige âld begryp, dat yn de folksetymology alle kanten út feroare is ta in kompleks homoniem. De fiskdaam en de fiskers-tichtset foarmje in hiel spesifyk foarbyld fan it kontenerbegryp tynje, tiinje of tienje, dat neffens my fanâlds it stamwurd tiin of tien in him hie: de bûgsume tûke of twiig fan it riishout út de Fryske Wâlden. It praat oer 'teninga' ensfh. liket my romantyk ta fan lju dy't earder alles yn ferbân hawwe woenen mei yn Grut-Fryslân. Dat der ea in ûntjouwing fan Wininga-Winia-Wynje west hat, wol perfoarst net sizze dat de omkearde redenaasje opgean soe mei tynje. Johan Winkler soe him der yn 1876 sawat yn ferslokke, mar hy sette der sels fuort in ? efter en hat der doe nea wer wurk fan makke.
Fan tienen wie in soad te meitsjen. Kuorren, einekuorren, en ek alles wat tsjnje koe as beskerming of ôfskerming, en wat yn it Hollânsk no 'scherm' hjit en doe 'tuin' (Dútsk: Zaun, Ingelsk: town). Al dy frissele en flechte dingen waarden in 'tynje' neamd. Bygelyks sa'n dwers op de stream set sket om fisk te kearen. Ek de skânsen fan (Ter-)Bant en letter De Gerdyk wienen grif en fansels opboud mei in soad tieneguod, want dat gaadlike riishout waard skânsriis neamd. Dêr wie doe in soad hannel yn, ek ynternasjonaal (No oars noch).
Op 'en doer hiet alles wat beskerme of ôfskerme, in tynje, ek as der gjin tien oan siet. Soks komt yn de etymology faak foar (In 'tapa' is yn it Spaansk gewoanwei in stoppe, dop of deksel. De flaubyt op in skûteltsje tsjin de miggen boppe op it wynglês hat deselde namme krigen: tapa.). De skieding tusken Anjewier en Opsterlân wie lyksa gewoanwei in 'omheining of tuin', foar Friezen in tynje, in dit gefal (tafallich) ien fan wetter. De namme Lúkster tynje hie foar itselde Lúkster grins of Lúkster skieding wêze kind. Mar tynje wie doe as gewoan wurd noch in de moade, benammen foar wetterskiedings(Dat docht op mear plakken yn Fryslân bliken).
Hoe't dat gewoane wurd 'tynje' him yn de rin fan ieuwen ûntjûn hat ta 'De Tynje' is te finen op It ûntstean fan de namme 'De Tynje'
Soe de (oan te passen) tekst hjirboppe skikke ûnder Tynje, bygelyks as 'etymology fan it wurd tynje'? (Ik fersin ek mar wat) Fr. gr. Fyntyn 11 sep 2010, 19.50 (CEST)
- Fyntynje, Spitich dat jo op .nl net sa fier komd bin as't jo wold hiene. Dan is in Tynjefeest begjin septimber wol fijn om hinne te kinnen. Nei't ik mien wie it Aliter dy't sei dat eigenwiisheid as meidogger eins in eask wie om oan de Wikiedy te dwaan... Elts is boppedat kening efter syn eigen byldskerm/toetseboerd en komme der dan te folle by elkoar dan kin it wêze dat der rôtegedrach ûntstiet, ûndanks alle goede bedoeleings dêr't elk grif mei begûn is. Lit it by ús dan mar wat lytser en gemoedliker bliuwe, dat is mear ús konvinsje.. Wat de tynje oangiet, dêr'r kin'k allinnich as bûtensteander wat oer sizze. Jo boppesteande útstel liket my goed. Meitsje it mar sa ensyklopedysk mooglik, dan kin nimmen der wat op tsjin hawwe.--Swarte Kees 12 sep 2010, 18.52 (CEST)