Tylwyth teg

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In moderne foarstelling fan ien fan 'e Tylwyth Teg.

Tylwyth teg (Welsk foar "tsjeppe famylje"; útspr.: ['təlwɪθ te:ɡ], likernôch: "tul-wiz teek") is yn 'e folkloare fan Wales de gongberste beneaming foar de mytyske wêzens dy't yn 'e Ierske folkloare bekend steane as de sídhe, en dy't omskreaun wurde kinne as elven. Oare Welske beneamings foar sokke wêzens binne bendith y mamau ("seine fan 'e memmen"), gwyllion en ellyllon. In hege frouwe fan 'e tylwyth teg is in jili ffrwtan (útspr.: [ʤili frutan], likernôch: "dzji-ly frû-tan"). De ierste fermelding fan 'e term tylwyth teg komt foar yn in Midsiuwsk gedicht dat taskreaun wurdt oan Dafydd ap Gwilym. Dêryn rekket de haadpersoan op nuodlike mar komyske wize paadbjuster as er by nacht in besite bringe wol oan syn faam.

Yn lettere boarnen wurde de tylwyth teg omskreaun as blûnhierrich en begearich nei blûne minsklike bern, dy't se ûntfiere om se sels grut te bringen. Dêrby litte se wikselbern (Welsk: crimbilion, inkeltal: crimbil) yn it plak fan 'e ûntfierden efter. By nacht kin men, neffens de Welske folkloare, de tylwyth teg soms sjen wylst se yn optocht foarby ride of dûnsje yn in heksering. Se libje ûnder de grûn of ûnder wetter, mar besykje huzen dêr't de bewenners nachts in skaaltsje molke bûtendoar sette. Minsken op wa't se goedgeunstich delsjogge, skinke se rije jeften, dy't lykwols spoarleas ferdwine as men der oer praat. Soms giet in jili ffrwtan in houlik oan mei in minsklike man dy't fereale op har rekke is, mar dat stelt sa'nent net frij fan 'e tradisjonele taboes fan 'e tylwyth teg. Sa moat se soargje dat se nea izer oanrekket, oars ferdwynt se op slach nei it ryk fan 'e tylwyth teg en sil har man har nea wer sjen.

Neffens folklorist Wirt Sykes is de term tylwyth teg eins in oerkoepeljende beneaming foar hiel ferskillende soarten ierdgeasten. Hy ûnderskiedt fiif soarten tylwyth teg:

As hearsker oer de tylwyth teg wurdt behammen Gwyn ap Nudd, mar ek Mab neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.