Springe nei ynhâld

Twee Gebroeders (Súdwesthoeke)

Ut Wikipedy

De Twee Gebroeders is in skûtsje fan Stifting Skûtsje Súdwesthoek. Fan 1958 oant en mei 2002 wie dit it SKS-skûtsje Súdwesthoek.

It skûtsje is yn 1900 boud by Barkmeijer yn Snits, foar de famylje Sybesma. It hie doe noch net de mjitten dy't it no hat, mar doe't it yn 1933 of 1934 koft waard troch Teake Salverda wie de boat al langer makke ta likernôch 17,36 meter, mei 30 ton laadfermogen.

Twee Gebroeders (Salverda)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Salverda sylde sels gjin wedstriden, mar it skip die as Twee Gebroeders mei yn wedstriden mei syn skoansoan Douwe Visser oan it roer. Fan 1945 ôf waard it syld troch in oare skoansoan, Klaas van der Meulen, dy't der dat jier it earste kampioenskip fan de SKS mei helle. It skip waard yn 1946 oernaam troch Teake syn soan, Cor Salverda, mar Van der Meulen bleau oan it roer en helle ek yn 1947, 1951 en 1954 it kampioenskip.

Cor Salverda moat it skip doe ferkoft hawwe, wêrnei it in pear jier as wenskip yn Amsterdam lei. It waard yn 1958 koft en nei Starum weromhelle troch wat no de Stifting Skûtsje Súdwesthoek is, dy't it as de Súdwesthoek meidwaan lieten oan it kampioenskip fan de SKS, mei it seilteken SWH. De Súdwesthoek hat fiif skippers hân: Yn 1958 kaam Klaas van der Meulen werom op it skip, yn 1962 kaam Douwe Visser wer oan it roer te stean, en fan 1968 ôf wie Cor Salverda sels skipper fan it Skûtsje. Yn 1972 kaam Rienk Ulbes Zwaga oan it roer, dy't 1979 mei it skip kampioen SKS waard. Yn 1981 waard Meindert de Groot de lêste skipper fan dizze "Súdwesthoek".

Twee Gebroeders (SWH)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt it seizoen fan 2003 hjit it skûtsje wer de Twee Gebroeders, om't it plak as wedstriidskûtsje oernaam is troch in oare, gruttere Súdwesthoek. It skip is hieltiid noch fan de stifting, dy't it brûkt foar passazjierfeart.