Springe nei ynhâld

Tsjongerskâns

Ut Wikipedy
Tsjongerskâns
Tjongerschans
  sikehûs
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean (gemeente)
plak It Hearrenfean (plak)
adresThialfwei 44
koördinaten52°57′58″N 5°55′02″E
bysûnderheden
typealgemien sikehûs
streamingsekulier
diel fanSoarchpartners Fryslân
bêden238
wurknimmers1.400
skiednis
ferneamd neiskâns oan 'e Tsjonger út 1580
oprjochting1929
opheffing2025
opgien ynFrisius MC
gebou
namme gebouDe Tsjongerskâns
boujier1929 (âldste diel)
2008 (nijste diel)
boustylmodern
offisjele webside
ww.tjongerschans.nl
kaart
Tsjongerskâns (It Hearrenfean)
Tsjongerskâns
Lokaasje op It Hearrenfean.

De Tsjongerskâns (Nederlânsk en offisjeel: Tjongerschans) wie in middelgrut sikehûs op It Hearrenfean mei in regionale funksje. It bestie fan 1929 oant 2025, doe't it opgie yn it Frisius MC. It fysike sikehûs (d.w.s. it gebou) funksjonearret no as de lokaasje Frisius MC It Hearrenfean.

Om 1300 hinne wie Aldskoat it sintrum fan in hjoeddeiske It Hearrenfean, der waard troch in Dútske Oarder in kleaster mei in hospitaalfunksje stifte. Koart nei de reformaasje fan 1580 waard dat kleaster ferfongen troch in skâns om it oerstekplak fan de Tsjonger te beskermjen tsjin de Spanjerts. Opfallend detail is dat It Hearrenfean doe noch Skoatteruterbuorren neamd waard, wat dúdlik oanjout hoe wichtich Aldskoat doe wie. De namme fan it hjoeddeiske sikehûs fan It Hearrenfean ferwiist nei dy ferdwûne gebouwen.

Op 19 oktober 1929 waard it sikehûs oan de Thialfwei offisjeel yn gebrûk nomd. De kapasiteit wie 70 bêden. Op 22 febrewaris 1938 waard de nije eastlike fleugel mei 40 bêden iepene. Eigentlik wienen der oan ien tried wei troch útwreidings: in nij keukengebou (1954), berneôfdieling en ynterne ôfdieling (1956), röntgenôfdieling (1958), polyklinyk (1962).

Haadyngong fan it sikehûs

Yn de 1970-er jierren kaam der in nij behannelhûs, sadat de kapasiteit mei 90 bêden tanaam oant hast 400 bêden. Yn de jierren 80 folge nijbou fan in psychiatrysk-neurologyske ôfdieling en in polyklinysk sintrum. Yn de 21e iuw wie der noch in grutte nijbou dy't yn 2008 foltôge waard. Sûnt 1 jannewaris 2012 wie de Tsjongerskâns ûnderdiel fan Zorgpartners Friesland en foel dêrom ûnder deselde memme-organisaasje as it Medysk Sintrum Ljouwert.[1]

Op 1 jannewaris 2025 hold De Tsjongerskâns op te bestean, doe't it sikehûs fusearre mei it Medysk Sintrum Ljouwert (MCL) yn Ljouwert ta it nije Frisius MC. Sûnt funksjonearret it gebouwekompleks op It Hearrenfean as de lokaasje Frisius MC It Hearrenfean.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: