Tsjerke fan it Hillich Krús (Akdamar)
Hillich Krústsjerke Սուրբխաչ | ||
Lokaasje | ||
lân | Turkije | |
koördinaten | 38°20'N 43°2'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 10e iuw | |
boustyl | Armeenske arsjitektuer | |
Webside | ||
www.akdamarchurch.gov. | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan it Hillich Krús of de Tsjerke fan Akdamar (Armeensk: Սուրբխաչ, Soerb Chatsj) is in Armeensk-apostoalyske tsjerke op it eilând Akdamar yn 'e Vanmar yn it easten fan Turkije. De tsjerke is ien fan 'e moaiste foarbylden fan Armeenske arsjitektuer en is mei troch de lizzing ien fan 'e belangrykste toeristyske trekpleisters yn it easten fan Anatoalje. De tsjerke is troch de Turkske oerheid restaurearre en waard as museum weriepene. Dat fersoarsake fûle debatten en ynternasjonale krityk.
It eilân, dat yn it Armeensk Aghtamar (Աղթամար) hjit, wie it kulturele sintrum fan 'e Armeenjers yn it Armeenske Heechlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hillich Krústsjerke waard ûnder kening Gagik Artzruni tusken it jier 915 en 921 boud, dy't it eilân brûkte as ien fan syn residinsjes. It iennige gebou dat fan dy tiid noch bestiet is de tsjerke. Letter, oant de folkemoard op 'e Armeenjers yn 1915, wie de tsjerke de haadtsjerke fan in kleasterkompleks dêr't súd fan 'e tsjerke noch fûneminten fan binne te sjen.
Tusken 1116 en 1895 hie de katolikos fan Akdamar op it eilân syn sit, de lêste ferstoar yn 1895. By de Armeenske genoside waarden de muontsen fan Akdamar fermoarde, it kleaster waard plondere en de gebouwen waarden ferneatige. Mei in dekreet fan 10 augustus 1916 waard it katolikaat fan Akadamar troch de Ottomaanske oerheid opheft.[1] Sûnt rekke de tsjerke yn ferfal.
Doe't de skriuwer en sjoernalist Yaşar Kemal yn 1951 it eilân besocht, fernaam er dat de oerheid opdracht jûn hie om de leechsteande tsjerke te ferneatigjen. Hy brûkte syn kontakten en wist sa de ferneatiging tefoarren te kommen. Yn 'e jierren 1950 waard it eilân brûkt as militêr oefenterrein.
De tsjerke besit midsiuwske reliëfs fan Bibelske foarstellngen, lykas Adam en Eva, Jona en de walfisk, David en Goliat.
Fandalisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei 1915 stie de tsjerke leech en krigen fandalisten in frijbrief om te dwaan mei de tsjerke wat se woene. De fersierde stiennen balustrade fan 'e keninklike galerij ferdwûn en mei ôfbylden fan foar 1915 is te sjen dat der reliëfs fernield binne. De krússtien fan katolikos Stefanos út 1340 wie troch it stikken slaan fan it fykwurk yn 1956 al teheistere. Fan in oare krússtien út 1444 bleau allinne it ûnderste diel oer, wylst dy yn 1911 noch hiel wie. In yn 1956 noch hiele 19e-iuwske tombe waard letter yn gruzeleminten slein. Mei't de tsjerke faker besocht waard troch toeristen, krige ek de Turkske oerheid mear omtinken foar it bouwurk
Restauraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 2005 en 2007 betelle it Turkske Ministearje in kontroversjele restauraasje fan 'e tsjerke. It stiennen krús op de toer waard net werom set. Yn 'e polityk wie noch diskusje oer it setten fan in krús op 'e toer, mar nei de restauraasje fûn dat dochs noch plak. Boppedat waard de tsjerke as museum iepene, Turkije wegere it gebou wer as tsjerke te iepenjen.
Ek it útkiezen fan 'e datum troch it Ministearje fan Kultuer om de tsjerke te iepenen soe foar in soad trelit soargje. It Turkske ministearje hie nammentlik 24 april útsocht, de dei dat Turkije yn 1915 begûn mei de arrestaasjes en deportaasjes fan Armeenske yntellektuelen en de datum dat alle jierren de slachtoffers fan 'e dêrop folgjende folkemoard betocht wurdt. De minister fan it ministearje keas nei in soad krityk in nije datum út en dat wie 11 april, de datum dy't neffens de âlde Armeenske kalinder mei 24 april oerien komt. De kar fan gefoelige data om de tsjerke feestlik te iepenjen late der ta dat de letter fermoarde Turksk-Armeenske sjoernalist Hrant Dink (1954–2007) de oerheid beskuldige fan manipulative bedoelingen.
Op 19 jannewaris 2007, op 'e dei dat Dink yn Istanbûl troch de Turkske ekstremist Ogün Samast fermoarde waard, publisearre er in artikel, wêryn't er de iepening fan it restaurearre tsjerkegebou in komedy neamde. Hrant Dink:
“ | Noch jimmeroan is de oerheid net yn steat om de Armeenske kwestje korrekt te benaderjen. It doel (fan de oerheid) is net it oplossen fan in probleem, mar om punten te sammeljen, lykas in wrakseler dat docht yn in wedstriid. Hoenear en op hokker wize it de krekte beweging meitsje moat om de tsjinstanner te ferslaan. Dat is it iennige dat der ta docht. (...) Se roppe Armeenske skiedkundigen op om oer de skiednis te praten, mar sette harren eigen yntellektuelen mei in oare miening oer de Armeenske genoside ûnder druk. De (Turkske) oerheid restaurearret yn it súdeasten in tsjerke, mar der wurdt allinne tocht hoe't dy restauraasje brûkt wurde kin foar it meitsjen fan politike winst yn 'e wrâld en hoe dat ferkocht wurde kin. | ” |
De moard op Dink sette ek in soad Turken oan it tinken. It gefolch wie dat it artikel fan Dink in soad werprinte en troch folle mear minsken lêzen waard. Nei alle gedachten foarme de moard ek de reden dat de datum foar de iepening fan 'e restaurearre tsjerke op 'e nij feroare. Der waard no keazen foar 29 maart 2007.
De iepening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 29 maart 2007 waard it restaurearre tsjerkegebou mei in soad Turkske flaggen en in portret fan Atatürk iepene. It Turkske regear woe goed útpakke en it hie in soad útnoegingen ferstjoerd om it feest by te wenjen. Dochs foel it oantal hege pommeranten bot ôf. Sels it haad fan 'e Armeenske tsjerke, katolikos Karekin II, kaam net opdagen en de heechste ôffurdige fan 'e Armeenske delegaasje wie mar in steatssiktaris, sadat ek de Turkske premier Erdoğan it beslút naam om thús te bliuwen.
De gûverneur fan Van, Özdemir Çakacak, beskreau de restauraasje as in foarbyld fan Turksk respekt foar skiednis en kultuer. Mar kritisi argumentearren dat de Turkske namme fan it museum suggerearre as soe it om in Turksk monumint gean yn stee fan in Armeensk monumint. De Armeenske mienskip hie boppedat frege om teminsten ienris yn 't jier yn 'e tsjerke in tsjinst te hâlden, mar dat waard wegere. Troch in ûnbidich grutte Turkske flagge op it eilân krige it hiele projekt in foarm fan taëigening en turkifikaasje. It like der alles fan dat it inisjatyf om de tsjerke wer te restaurearjen net mear as in mediastunt wie.
De Turkske kolumnist Cengiz Çandar skreau yn "Hürriyet" de taktyk fan 'e Turkske oerheid as in bliuwende kulturele genoside:
“ | Se renovearje in histoarysk tsjerkgebou en fine healwize redenen om der gjin krús op te setten. Wa leaut dan noch dat de oerheid sekulier is of dat der respekt is foar oare religy's, of dat dy foar de botsing fan beskavingen oer in alliânsje fan beskavingen fertsjintwurdiget? Wat se dogge is yn ienfâldige wurden in kulturele genoside. | ” |
It jaan fan in Turkske namme oan in Armeenske tsjerke sette Çandar yn in bredere opset fan 'e oerheid om Armeenske nammen fan histoaryske plakken te ferfangen troch Turkske nammen. Dat Turkije ynearsten in krús op 'e tsjerke wegere te setten neamde Çandar symptomatysk foar de religieuze yntolerânsje yn Turkije.
De restauraasje fan 'e tsjerke waard troch politisi fral brûkt om Turkije yn in goed deiljocht te setten. Doe't in oantal Turkske yntellektuelen yn 2008 harren yn in petysje ferûntskuldigen foar de ûntkenning fan 'e Armeenske genoside, rekke Erdogan dwers troch alle hinne en rôp dat Turkije him nearne foar te ferûntskuldigjen hie. Yn syn ferdigening lei Erdogan de klam op de restauraasje fan 'e tsjerke en dat de Turkske republyk de doarren fan in Armeenske tsjerke iepene foar it sicht fan 'e hiele wrâld. Erdogan "fergeat" lykwols dat der net in tsjerke iepene waard, mar in museum.
De earste tsjerketsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De binnen- en bûtenlânske krityk hiene lykwols effekt. Yn 2009 mocht der in krús op de tsjerke set wurde en it museum mocht ienris yn 't jier iepensteld wurde om dêr in kristlike tsjinst te fieren.
Mei't bekend waard dat ek yn it Sümelakleaster by Trabzon in tsjerketsjinst tastien waard, begûnen nasjonalistyske Turken op te sprekken. De ekstreem nasjonalistyske partijen MHP (Milliyetçi Hareket Partisi) en BBP (Büyük Birlik Partisi) fjurren harren oanhingers oan om har tsjin de "ynvaazje fan 'e Armeenske en Grykske diaspora" te ferheffen. Yn it lân waarden demonstraasjes organisearre en de nasjonalistyske parse sette útein mei in offinsyf tsjin it tastean fan tsjerketsjinsten. De krante Yeniçağ publisearre in fûl protest ûnder de kop “Armeenske misse op it ferkrêftingseilân” en skreau dat Akdamar it plak wie dêr't Armeenske milysjes yn 'e Earste Wrâldkriich Turkske froulju skeinden.
Op snein 19 septimber 2010 wie it safier dat der foar it earst yn hast in iuw wer in tsjinst holden waard yn 'e Hillich Krústsjerke. In soad Armeenjers wennen de tsjinst by, mar ek Koerden en Turken. It krús stie lykwols noch altiten net op 'e toer, ek al wie dat wol tasein, itjinge foar in soad Armeenjers bûten Turkije reden wie om net te gean. Nei't de patriarch fan 'e Armeensk-Katolike Tsjerke Turkije der fan beskuldige mei de tsjinst de diskusje oer de Armeenske genoside wei te moffeljen, boykotten ek de katolike lieders te tsjinst. Neffens lokale autoriteiten hiene hja net genôch tiid en ek net it materiaal ta harren beskikking om it krús op 'e toer te setten, mar lang om let kaam der dochs in krús op 'e toer.[2]
Nei de tsjerketsjinst kamen hûnderten moslims byinoar yn Ani, om dêr, nei in oprop fan 'e grutste nasjonalistyske partij, as andert op 'e tsjinst yn 'e Hillich Krústsjerke, it freedsgebed te organisearjen yn 'e Armeenske katedraal út 1054.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kerk van het Heilige Kruis
|