Tsjerke fan de Iverskaja-ikoan fan de Teotokos (Izjevsk)
Tsjerke fan de Iverskaja-ikoan fan de Theotokos
Церковь Иверской иконы Божией Матери | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Oedmoersje | |
plak | Izjevsk | |
koördinaten | 56° 50' N 53° 17' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Pjotr Ivanovitsj Anisiforov | |
boujier | 2009-2017 | |
hichte | 50 meter | |
Webside | ||
Side fan de tsjerke | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan de Iverskaja-ikoan fan de Theotokos (Russysk: Церковь Иверской иконы Божией Матери) is in otterdokse tsjerke yn Izjevsk yn 'e Russyske Federaasje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan 'e tsjerke is in inisjatyf fan Viktor Chorosjvtsev, in oandielhâlder fan 'e ASPEK-bedriuwegroep. Hy besocht yn 2008 it skiereilân Atos en waard troffen troch it Iveron-kleaster en de skiednis fan 'e Ibearyske ikoan. Werom yn Ruslân woed er in tsjerke bouwe ta eare fan 'e ikoan en tegearre mei syn heit gyng er sykjen nei in plak en in arsjitekt om dat plan út te fieren. Arsjitekt fan 'e tsjerke is Pjotr Ivanovitsj Anisiforov út Barnaûl, dy't betûft is yn 'e tsjerkebou en op folle mear plakken yn it lân tsjerken boude en ek de ûntwerper fan 'e Trije-ienheidstsjerke op Antarktika is.[1]
Mei help fan frijwilligers en takomstige parochianen waard it terrein fan 1,5 hektare bouryp makke. De bou fan 'e tsjerke sette yn 2009 útein en njonken de tsjerke waard der bûten in pear lytsere bygebouwen ek in grut bygebou boud mei plak foar in bibleteek, in gasthûs foar pylgers, in refektoarium en in sneinsskoalle boud. In multykulturele mienskip fan Russen, Tadzjiken, Oezbeken, Libanezen en Serven wurke mei oan de bou.
De tsjerke waard fan wite bakstien boud. De tintedaken fan 'e tuorren binne mei glasuere Eastenrykske tegels belein, wylst de sipels mei Eastenryksk aluminium beklaaid binne. Oan 'e muorren binne mozaïken oanbrocht; it grutste is in mozayk fan 4 m² dat de Mem Gods útbyldet en boppe de haadtagong is oanbrocht. Sûnt 2013 waard der wurke oan it ynterieur yn Byzantynske styl. De flier yn 'e tsjerke is by it alter fersierd mei in mozayk fan it Iveron-kleaster op Atos. De 19 rozetten dêr omhinne symbolisearje de kleasters op it eilân.
Yn 'e Goede Wike fan 2014 hinne koe de benedentsjerke ynwijd wurde en de ynwijing fan 'e boppetsjerke fûn plak op 12 febrewari 2017.
De yn 'e styl fan 'e Moskouse Basiliuskatedraal boude tsjerke hat fjouwer koepels, tsien krusen en 13 klokken en koe boud wurde mei help fan donaasjes. De belangrykste donateur wie Viktor Chorosjavtsev.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Иверской иконы Божией Матери (Ижевск)
|