Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Terwispel

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Terwispel
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
plak Terwispel
adres De Streek 25
koördinaten 53° 01' N 6° 02' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1864
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 513159[1]
Webside
pkntijnje-terwispel.nl
Kaart
Tsjerke fan Terwispel (Fryslân)
Tsjerke fan Terwispel

De Tsjerke fan Terwispel is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente De Tynje-Terwispel yn Terwispel, gemeente Opsterlân.

De foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke yn de earste helte fan de 18e iuw
Ut de Atlas Schoemaker
It monumintale oargel

De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1864 boud op it plak fan it midsiuwske sealtsjerkje sûnder toer, dat nei in stoarm op lêst fan de boargemaster sletten wurde moast. Dat tsjerkje ferfong op syn bar earder wer in gebou op in oare lokaasje oan de Mouewei/Alde Dyk út likernôch 1150. De lokaasje fan dy earste tsjerke fan Terwispel krige de namme ûnwaarskamp nei't dy troch bliksem ferneatige waard. By de ôfbraak fan de tsjerke yn 1864 waard ûnder de flier in byldsje fan de hillige Barbara fûn, dy't beskerming joech tsjin ûnwaar en bliksem. It byldsje is yn it Frysk Museum.[2] De bou fan de tsjintwurdige tsjerke waard yn in heal jier tiid foltôge.

Yn de jierren 1970 waard de tsjerke fan Terwispel nochris sletten, doe om't der te min tsjerkefolk op de tsjinsten ôf kamen, it ynterieur te winskjen oer liet en der gjin koster mear wie.

Tradisjoneel hie de herfoarme gemeente fan Terwispel in frijsinnich profyl. Yn 1966 ferlear de gemeente in eigen dûmny en sûnt moast Terwispel mei omlizzende doarpen gearwurkje, lykas Nij Beets. Sûnt 1995 foarme Terwispel tsjerklik in Samen op Weg-federaasje mei de grifformearde gemeente fan De Tynje, itjinge yn 2007 útrûn op in fúzje ta de Protestanske gemeente De Tynje-Terwispel. Beide tsjerken wurde troch de gemeente brûkt.[3]

Yn de jierren 2010-2011 waard de tsjerke restaurearre.[4]

It ienfâldige ynterieur is benammen fan belang fanwege de 17e-iuwske preekstoel, dy't in ryksmonumint is en yn de âlde tsjerke stien hat. Ek âlder as de tsjerke sels is de klok, dy't yn 1694 troch Petrus Overney getten waard. It ynterieur is noch oarspronklik, der binne sûnt de bou allinne in pear banken ferwidere. It oerwurk yn de toer datearret fan 1925 en is makke troch H.Y. Kramer.

Tagelyk mei de restauraasje fan de tsjerke yn 2010-2011 waard ek it oargel restaurearre. It twamanualige ynstrumint waard yn 1878 troch Van Dam út Ljouwert boud. De restauraasje waard útfierd troch it Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: