Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Skraard

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Skraard
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Skraard
adres Skoallestrjitte 36
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw/13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39430
offisjele webside
Facebook PKN-gemeente

De Tsjerke fan Skraard oan de Skoallestrjitte yn Skraard is in ryksmonumint. It is ien fan de trije tsjerken fan de protestanske gemeente Skettens-Skraard-Longerhou.

De fan giele bakstien boude tsjerke fan Skraard is in romanogotyske sealtsjerke út de 13e iuw mei in rûn koer. De toer is âlder as de tsjerke en stamt út de 12e iuw. De toer is letter ferhege. Op ferskillende plakken binne der yn it muorrewurk fan it skip tichtmitsele finsters te sjen.

Yn 1410 fûn de pastoar fan Skraard in konsekrearre hosty mei bloedspatten op it alter. De preester soe mei de fikaris letter tsjûge west ha fan it blieden fan dy hosty. It wûnder makke fan Skraard yn de katolike tiid in beafeartsplak. Yn dokuminten fan tsjinpaus Johannes XXIII (troch de bisdommen Utert en Luik erkend) en paus Eugenius IV wurdt it bloedwûnder beskreaun. Minsken dy't nei de bycht en kommuny de tsjerke besochten en in finansjele bydrage oan de tsjerke joegen, krigen in ôflaat. Nei de reformaasje makken de protestanten koarte metten mei alle oantinkens oan it wûnder.[1]

It is net bekend oan hokker patroanhillige de tsjerke oarspronklik wijd wie.

Bysûnder oan de ynrjochting fan de tsjerke binne de wangen fan de oarspronklike banken. Se stamme noch út de tiid fan foar de reformaasje en binne fersierd mei fykwurk yn de styl fan de renêssânse.

Ek út de katolike tiid datearje de nissen yn it koer. Lofts is noch de piscina te sjen, dêr't de preester syn hannen waske en it liturgysk reau skjin makke.

De preekstoel oan de súdlike muorre datearret fan 1633. Ut deselde tiid stamme it doophek, in tal banken en in diel fan de lambrisearring. Ta oantinken fan de Aylva's binne der noch in rouboerd (1653), in hearebank en in tal sarken.

Yn de toer hinget in klok dy't yn 1603 troch Willem Wegewaert getten waard.

Martin Vermeulen út Woerden boude yn 1911 it oargel fan de tsjerke. It ynstrumint waard yn 1932 troch Bakker & Timmenga restaurearre en yn 1960 nochris.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: