Tsjerke fan Munnikebuorren
Tsjerke fan Munnikebuorren | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Munnikebuorren | |
adres | Grindwei 43 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1806 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38862 |
De Tsjerke fan Munnikebuorren wie in tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente fan Munnikebuorren. Al yn de jierren 1980 ferlear it gebou de tsjerklike funksje. Nei de foarming fan in PKN-gemeente mei Skerpenseel is it gebou ferkocht oan in bedriuw, dy't de tsjerke foar opslach brûkt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke fan Munnikebuorren waard yn 1806 boud en ferfong in âlder gebou, dat yn 1720 troch Jacobus Stellingwerf as in sealtsjerkje mei in geveltuorke tekene waard. Ta oantinken fan de bou waard by de tagong in stien ynmitsele mei de tekst: "Ik verblijd mij in degene die tot mij zeggen wij zullen in het Huis des Heeren gaan". De tsjerke waard yn 1860 grutter makke en krige doe oan de westlike kant in houten tuorke mei oerwurk.
Yn 1986 waard de tsjerke foar it lêst troch de gemeente foar in tsjinst brûkt. Dêrnei folge leechstân en de ôfbraak fan it ryksmonumint drige. In handtekeningaksje ûnder bewenners wist de sloop fan de tsjerke tefoarren te kommen en der waard troch de aksjefierders in stifting oprjochte foar it behâld fan de tsjerke.[1] De tsjerke koe dêrnei troch de herfoarme gemeente ferhierd wurde as opslach foar in polyesterferwurkjend bedriuw. Dat bedriuw liet yn 1993 in polyester spits oer it houten ramt fan de toer sette.[2] Letter is ek it eigendom fan de tsjerke oergien op it bedriuw.[3]
De protestantske gemeenteleden foarmje tsjintwurdich tegearre mei Spangea, Nijetrine en Skerpenseel de protestantske gemeente Skerpenseel-Munnikebuorren. De gemeente hat noch ien tsjerke en dy stiet yn Skerpenseel.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike oargel fan de tsjerke waard yn 1901 boud troch Van Dam út Ljouwert. It ynstrumint ferhûze nei it sluten fan de tsjerke nei Urk.
Yn de jierren 1988-1989 waard it Tsjerkje oan de See restaurearre en dêr is doe it oargel út Munnikebuorren wer opboud.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|