Springe nei ynhâld

Tsjerkje oan de See (Urk)

Ut Wikipedy
Tsjerkje oan de See
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Flevolân
gemeente Urk
plak Urk
adres Wijk 3
koördinaten 52°39'N 5°35'E
Arsjitektuer
arsjitekt Johan Samuel Creutz
boujier 1786
boustyl klassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35882
Webside
De Ark, Urk
Kaart
Tsjerkje oan de See (Urk-Sintrum)
Tsjerkje oan de See

It Tsjerkje oan de See (Kerkje aan de Zee) is in herfoarmd tsjerkegebou yn Urk. It is ien fan de beide tsjerken fan de herfoarme gemeente De Ark, dy't in jong en rjochtsinnich karakter hat.

It Tsjerkje oan 'e See ferfong in tsjerke út likernôch 1600 dy't troch ôfslach fan Urk troch de see op in apart eilantsje kaam te lizzen. De tsjerke wie allinne noch oer it ûndjippe wetter te berikken en waard sa brekfallich, dat it ôfbrutsen wurde moast. In noch âldere tsjerke stoarte yn 1570 troch de Alderheljenfloed yn.

Foar noch gjin 15.000 gûne waard de tsjerke yn 1786 fannijs boud. Boppe de yngong tsjûget in gevelstien fan 'e bân, dy't Urk ea hie mei de stêd Amsterdam (oant 1792 hearde Urk by Amsterdam). Yn 'e jierren 1988-1989 waard de tsjerke foar it lêst restaurearre. [1]

De gemeente Urk is eigner fan 'e toer. Yn 'e toer hinget in klok, dy't fan 1461 datearret en yn 1936 op 'e nij getten wurde moast. De spits fan 'e toer waard yn 1955 ferfongen troch de tsjintwurdige iepen lantearne mei in sipel as bekroaning. Ek de balustrade om de lantearne hinne waard doe oanbrocht.[2]

De preekstoel is 18e-iuwsk. De kroanluchters yn 'e tsjerke binne âlder en hawwe nei alle gedachten noch yn 'e âlde tsjerke hongen. Bysûnder binne de trije skipsmodellen yn 'e tsjerke: in kriichsskip, in turfpream en in botter.

It oarspronklik út Munnikebuorren ôfkomstige Van Dam-oargel.

Sûnt de bou fan in nije tsjerke foar de gemeente yn 1978 oan 'e Lange Dam waard de tsjerke allinnich noch brûkt foar bysûndere tsjinsten. Yn 2005 moast de tsjerke lykwols wer foar de sneinske earetsjinst iepene wurde, nei't de oare tsjerke troch de oanwaaks te lyts woarn wie. De gemeente hat yn 2006 in nije tsjerke bouwe litten oan 'e Vlechttuinen, dêr't plak is foar 1400 minsken.

Simmerdeis wurde der yn 'e tsjerke alle middeis om 14:00 oere sjongtsjinsten organisearre.[3]

Yn 1905 krige de tsjerke foar it earst in oargel. Dat oargel wie net nij en kaam earne oars wie. Yn 1928 waard it restaurearre en yn 1942 ferfongen troch in nij ynstrumint fan 'e oargelmakkerij Reil út Heerde. It waard yn 1957 restaurearre, mar dêrnei yn 1981 wer ferfongen troch in oargel fan Vermeulen út 1929. It tsjintwurdige oargel is it fjirde oargel fan de tsjerke en ôfkomstich út de herfoarme tsjerke fan Munnikebuorren. It ienmanualige ynstrumint waard dêr yn 1901 boud troch L. van Dam en Soannen út Ljouwert en yn it ramt fan de restauraasje yn de jierren 1980 ferhûze nei Urk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: