Tsjerke fan Jehannes de Rjochtfeardige yn Kûnstevo (Moskou)

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Jehannes de Rus yn Kûnstevo

Храм святого праведного Иоанна Русского в Кунцеве

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 44' N 37° 24' E
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 2010-2016
boustyl Styl fan 17e iuwske russyske katedralen
offisjele webside
ioannrus.ru

De Tsjerke fan Jehannes de Rjochtfeardige yn Kûnstevo (Russysk: Храм святого праведного Иоанна Русского в Кунцеве) is in otterdokske tsjerke yn Moskou, Ruslân. De tsjerke leit yn it distrikt Kûnstevo fan it Westlike Administrative Okrûg.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004 krige de bou fan in lytse houten tsjerke de segen fan de Patriarch fan Moskou en hiel Ruslân, Alexius II. De tsjerke hat de arsjitektoanyske foarm fan in lyts skip, dat karakteristyk is foar âlde Russyske houten tsjerken. Dizze foarm (âld-Russysk: кораблец; "in lyts skip") symbolisearret de tsjerke as in taflecht yn de stoarm fan it libben.

Oarlochsmonumint by de tsjerke

Yn 2010 ûndertekene de boargemaster fan Moskou de opdracht in stik grûn by de houten tsjerke oan te keapjen om dêr in grutte stiennen tsjerke op te bouwen. De tsjerke makke no ûnderdiel út fan it Projekt-200, in programma om twahûndert nije otterdokske tsjerken te bouwen yn Ruslân's haadstêd.

Op 7 july 2016 waard de tsjerke yn in koarte rite troch de biskop fan it westlike fikariaat fan Moskou konsekrearre. It haadalter is konsekrearre oan de Russyske hillige Jehannes de Rus. It sydalter waard konsecrearre oan de Ferkundiging fan de Hear. Yn de tsjerke is in ikoan fan Jehannes de Rus mei in stikje fan syn reliken.

De lytse houten tsjerke is fersierd mei muorrefresko's en in sulveren ikonostase yn in technyk, dy't past by âld-Russyske tradysjes mei eleminten fan de Byzantynske styl.

Oarlochsmonumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 8 maaie 2015, op de sechtichste jierdei fan it ein fan de Twadde Wrâldkriich, waard op ynisjatyf fan de parochianen in monumint by de tsjerke ûntbleate fan de "Ferdigener fan it Memmelân". It monumint stelt in soldaat út de Twadde Wrâldkriich foar yn unifoarm. Yn syn hân draacht er in russysk fjoerwapen, wêrfan't de loop nei de grûn wiist.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of Righteous John the Russian.