Tsjerke fan Jehannes de Evangelist (Smolensk)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jehannes de Evangelisttsjerke

Иоаннобогословская церковь

Церковь Иоанна Богослова 5.JPG
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Smolensk oblast.svg Smolensk
plak Flag of Smolensk (Smolensk oblast).png Smolensk
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1173
boustyl Byzantynske arsjitektuer

De Tsjerke fan Jehannes de Evangelist (Russysk: Церковь Иоанна Богослова) is in otterdokske tsjerke út de 12e iuw yn de Russyske stêd Smolensk. It is ien fan de trije 12e-iuwske tsjerken fan Smolensk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jehannestsjerke fan Smolensk waard yn 1173 yn opdracht fan prins Roman Rostislavitsj boud. Neffens de bewarre kroniken wie de tsjerke fersierd mei goud en emaille en alhiel fan binnen beskildere. De tsjerke bleau yn de oarspronklike foarm oant 1611 bewarre, doe't Smolensk nei in lang belis ynnaam waard troch it Poalske leger ûnder oanfiering fan kening Sigismund III.

De tsjerke foar 1917, hjir noch mei it refektoarium en de klokketoer

Yn de jierren dêrnei waard de tsjerke ferboud ta in katolike tsjerke, mar nei't Smolensk wer by it Russyske Ryk foege waard, waard de tsjerke wer otterdoksk.

De Jehannestsjerke waard yn de 18e iuw diels ferboud. De koepel fan de tsjerke krige in achthoekige tamboer en der waard in klokketoer en in reketoarium tafoege oan de tsjerke.

Tidens de ferdriuwing fan it Frânske leger yn 1812 rekke de tsjerke slim skansearre, mar al gau wie it bouwurk hersteld en wer ree foar it fieren fan tsjerketsjinsten. Yn 1917 bleau de tsjerke ynearsten noch iepen. mar yn 1933 waard de tsjerke sletten en oerdroegen oan it museum en de biblioteek. De slimste skea waard lykwols feroarsake tidens de Twadde Wrâldkriich, doe't it westlike part fan de tsjerke ferwoastge waard en de 18e iuwske klokketoer en refektoarium yn pún lei.[1]

Net earder dan yn de jierren 1970 folge in restauraasje fan de tsjerke.

It gebou waard yn 1993 oerdroegen oan it bisdom fan Smolensk yn in steat dy't alhiel net geskikt wie foar it fieren fan de tsjerketsjinst. Sûnt waard de tsjerke restaurearre.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oare twa 12e-iuwske monuminten fan de Smolensk binne:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]